Frou ferliest poppe troch botsing; straf easke tsjin feroarsaker ûngelok

19 mrt 2021 - 11:29

Tsjin in 63-jierrige ynwenster fan Easterwâlde dy't yn 2019 in ûngelok feroarsake, is freed in wurkstraf en rydûntsizzing easke. By de botsing op de N351 by Aldetrine rekke in 34-jierrige ynwenster fan Utrecht swierferwûne. De frou wie 21 wiken swier. Troch de klap ferstoar de poppe.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Easterwâldster wie yn 2019 wurch yn de auto stapt en efter it stjoer yn sliep fallen. Oer de brêge oer de Helomavaart by Aldetrine wie se op de ferkearde dykhelte bedarre en rjocht op de Utrechtse ôfriden.

Dy koe gjin kant op op de twabaansdyk, se koe inkeld noch op de rem traapje. De fertochte hie fuort tsjinoer de plysje tajûn dat se yn sliep fallen wie. Se hat besocht yn kontakt te kommen mei it slachtoffer, mar sy hat oanjûn dat se dêr tefolle muoite mei hat.

De offisier fan justysje easke freed yn de Ljouwerter rjochtbank in wurkstraf fan 90 oeren en in rydûntsizzing fan seis moannen tsjin de Easterwâldster. De rjochtbank docht op 2 april útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)