Bern bakke foar âlderein op Nasjonale Pankoekdei: "Je ziet ze genieten"

19 mrt 2021 - 10:03

It is hjoed de fjirtjinde edysje fan de Nasjonale Pankoekdei. Op dizze dei bakke jierliks bern fan hûnderten basisskoallen oeral yn Nederlân pankoeken foar âlderein yn fersoargingshuzen. Ferline jier waard de dei fanwege corona noch skrast, ditkear kin de âlderein coronaproof oan de pankoeken. Ien fan de skoallen dy't meidocht is OBS De Twilling yn Stiens.

Foto: Sytse van der Heide

Gewoanwei bakke de bern de pankoeken dus sels, mar dat is troch corona dit jier net mooglik. De bern soarchje ditkear dêrom foar in feestlike oanklaaiïng.

"We hebben placemats en kleurplaten gemaakt, die gaan we langsbrengen en dan gaan de ouderen vandaag zelf pannenkoeken bakken", seit Sytse van der Heide, dosint by De Twilling.

'Je ziet ze genieten'

De skoalle docht faker aktiviteiten yn de ferpleechhuzen. "We hebben dit schooljaar nog kerstkaarten naar zorginstellingen voor ouderen gestuurd, met twee kerstmannen. Dan zie je die ouderen ook echt genieten."

Sa wol De Twilling de bannen mei âlderein oanhâlde, en se in noflike dei besoargje. "We zijn als school bezig om in verbinding te blijven met ouderen en ze ook even in het zonnetje te zetten."

Sytse van der Heide

Foto: ANP
(Advertinsje)
(Advertinsje)