Stichting Wolvenhek biedt petysje oan oan kommissaris Brok

Stichting Wolvenhek sil takom moandei in petysje oanbiede oan kommissaris fan de Kening Arno Brok. De petysje, stipe troch ferskate Fryske boere-organisaasjes, is bedoeld om de wolf te kearen út Fryslân mei in stek.
© Shutterstock
Trije Fryske skieppehâlders en twa melkfeehâlders, feriene yn de stichting Wolvenhek Fryslân, wolle in stek bouwe op de Fryske provinsjegrins om de wolf bûten de doar te hâlden. It stek moat sa'n oardel meter heech wurde en wurdt oer 150 kilometer provinsjegrins lutsen. De plannen kostje neffens de stichting oardel oant twa miljoen euro. De feehâlders presintearren it plan op 7 jannewaris 2021 yn Den Haag.
De petysje krijt stipe fan ûnder oare Agrarische Jongeren Nederland, de Fryske leden fan lânbou-organisaasje LTO, gebietskollektyf Noardlike Fryske Wâlden, gebietskoöperaasje It Lege Midden en hynstesportfederaasje KNHS.
De organisaasjes sizze de soargen fan Stichting Wolvenhek te dielen. De petysje wurdt oanbean op de stoepe fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. Dêrby binne bysûndere taskôgers oanwêzich: in skipe, in kealtsje en in ponny.
Yntusken is der al aardich wat jild ophelle mei de crowdfundingsaksje foar in wolvestek om Fryslân. Dat bestjut dat de stichting begjinne kin mei in pilot foar it stek. Goed twa moanne lyn sette de stichting in jildynsammelaksje op om de wolven by de provinsjegrins keare te kinnen.

"Onzinnig plan"

Saakkundigen sizze dat in stek neat úthelje soe. "Een onzinnig plan", sizze se. It is net helber en al soe dat wol sa wêze, in stek hâldt de wolf net tsjin.