Kollum: "Identiteitsfraude"

19 mrt 2021 - 08:20

"In hiele goede kunde fan ús hie ferline wike tongersdei in doarwarder op 'e stoepe. Dy hie de meidieling dat se beslach lein hiene op syn bankrekken. Hy soe falske omsetsifers opjûn ha oangeande syn klusbedriuw yn in oanfraach by it RVO, de Rijksdienst voor Ondernemers, en sa leafst goed 58.000 euro subsydzje binnen harke ha! Se wiene der efter kaam dat de fierste hege omsetsifers net oerienkamen mei syn BTW-oanjeften en hy waard bestimpele as fraudeur.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Us kunde wist net wat him oerkaam want dat hie er hielendal net dien! Aldergelokst is er sels tûk genôch en wit er syn wei ek goed te finen by de ynstânsjes, dus hy belle earst mei it RVO. Se ha ynlogd op 'mijn RVO' en doe kaam er der efter dat der in oanfraach proseduere starten wie foar in TVL-subsydzje. TVL betsjut Tegemoetkoming Vaste Lasten. Ast omsetferlies hast dan kinst dêr in subsydzje oanfreegje en dat regelet it RVO.

De earste gedachte wie dat immen syn DigiD hackt hie, mar nei in telefoantsje mei DigiD die bliken dat it net sa wie. In oare mooglikheid soe wêze kinne dat syn eHerkenning hackt wie, mar dat hat er net, dus dat wie ek gau fan 'e baan. Doe hat ús kunde thús útsocht fan wa't it banknûmer wie, dêr't se fan seine dat it synt wie. Hy is ynlogd by syn eigen bank om sadwaande in symboalysk bedrach oer te meitsjen nei it bewuste nûmer.

Hy hat mar gewoan in namme ynfolle en dan komt der automatysk in tekst yn byld dat it de ferkearde namme is, mar ek op hokker namme de rekken al stiet. It bliek in karweibedriuw út Eindhoven te wêzen. Dat hat op 6 jannewaris om 00.31 oere de oanfraach dien, mei de KVK-gegevens fan ús kunde. Op 6 jannewaris is de beskikking ek tawiisd troch it RVO en 5 dagen letter hie dat bedriuw it jild op 'e rekken. Al dy transaksjes binne te werheljen mar ûndertusken hat nimmen der oan tocht om earst mar ris te tsjekken oft it banknûmer yndied wol fan ús kunde wie.

Se binne der wol efter kaam dat de oanfraach net doogde en se ha op 2 febrewaris besletten de subsydzje yn te lûken. Op 11 maart hie ús kunde de doarwaarder op besite en oant de dei fan hjoed stiet er te boek as fraudeur, wylst alle ynstânsjes yntusken wol witte dat it net sa is. Dat is in hiel aaklik gefoel! Hy hat in advokaat yn 'e earm nommen om him te helpen syn namme te suverjen en de foardering fan leafst 67.200 euro derôf te krijen. Dat is dy goed 58.000 euro plus ynkassokosten.

'Waansin!' rôp ús kunde doe't ik him frege hoe't it fielde wat him oerkommen wie. Hy is yn in identiteitsfraudekwestje rôle en hat gjin ferwar. It is ek dwylsinnich hoe't de oerheid mei ús jild omgiet! It RVO hat samar goed 58.000 euro oermakke nei in rekkennûmer dat net doogde mar de grutste fraach is hoe't it bedriuw út Eindhoven yn it systeem kommen is sûnder DigiD. Soest hast sizze dat der yntern in lek is en hoefolle jild is der yntusken sa al weirekke?

Us kunde fynt ek dat der by alle ynstânsjes net in soad diedkrêft is om dit op te lossen. Se fine it allegear freeslik mar nimmen seit wat se der no werklik oan dwaan sille. Hy fielt him net machteleas en hat in goede advokaat, mar hy kin der bytiden amper fan sliepe en soe dan ek wol graach yn kontakt komme wolle mei lotgenoaten. Ast reagearje wolst op dizze kollum, dan soargje ik dat de gegevens teplak komme."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)