Boufakkers Wynpark Fryslân ite en koese op de Iselmar op in sliepskip

19 mrt 2021 - 07:27

De minsken dy't wurkje oan Wynpark Fryslân op de Iselmar, ferbliuwe sûnt fan 'e wike op in sliepskip yn Makkum. De minsken komme út hiel Europa wei en wurkje tsien oeren deis op de Iselmar: sy sliepe en ite op it skip. Dat dogge se mei in fêste ploech yn in bubbel. Want fanwege it coronafirus mei der gjinien op it skip komme.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

By de fiskôfslach yn Makkum leit it skip fan 104 meter lang, mei trije ferdjippingen. It hat wat wei fan in lyts cruise-skip: der binne koks oan board en der is sels in swimbad. Mar it skip wurdt net brûkt foar in fakansje. De minsken dy't dêrop sliepe, wurkje oan Wynpark Fryslân.

Op corona test

Mark Jongedijk fan it bedriuw Slaapschepen: "Wy hawwe 98 minsken oan board, manlju en froulju dy't mei de wettertaksy hinne en werom farre. De minsken oan board binne allegearre test, sy kinne harren dus frij bewege oer it skip en sitte yn in bubbel. Dat is wol noflik."

De minsken binne yn it foar test. Mei in negative útslach komme se yn de coronabubbel. Se meie twa wiken net fan board, útsein as sy mei de wettertaksys nei it wynpark brocht wurde om te wurkjen. "It binne echt de manlju en froulju dy't hjir oan it bouwen binne rn de kabels oanlizze. Sy binne sa'n twa wiken oan it wurk, dêrnei binne sy wer efkes frij", seit Wendy Leenstra fan oannimmer Zuiderzeewind.

It is de bedoeling dat it wurk oant de simmer duorret. "Net eltsenien is fan fan dit oanlizzen fan in wynpark", seit Leenstra. "Mar der binne ek wol in soad minsken dy't sjogge dat it nedich is. Dus aldergeloks falt it yn Makkum wol mei."

Mark Jongedijk en Wendy Leenstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)