Wylde plysje-efterfolging efter spûkridende faasjeduvel oan einiget yn Dronryp

19 mrt 2021 - 07:04

Dronryp waard tongersdeitenacht bot opskrikt doe't in wylde plysje-efterfolging einige yn it doarp. In spûkridende automobilist wie mei hege snelheid útnaaid foar de plysje op de N31 by Garyp.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Om 21.00 oere hinne die de plysje snelheidskontrôles op de N31 doe't út de rjochting fan Drachten nei Ljouwert in auto mei 160 kilometer de oere oanriden kaam. De plysje sette fuort de efterfolging yn.

Foar de ôfslach Ljouwert-East hellen se de auto yn en se joegen in folchteken. Op de ôfrit nei de Drachtsterweg fleach de wein lykwols op it lêste momint de N31 wer op. De plysjewein koe fia de berm dochs noch de efterfolging ynsette.

12 kilometer spûkride

By de ôfslach Ljouwert-Súd ferliet de auto de N31, wêrnei't dy tsjin it ferkear yn fierder ried. De plysje sette de efterfolging ek spûkridend yn. Fanwegen de jûnsklok wie der op dat stuit gelokkich gjin ferkear. Yntusken rieden plysjeweinen fan Ljouwert parallel oan de spûkridende auto.

Dy efterfolging duorre oant Dronryp, dêr't de auto de sneldyk ferliet. Uteinlik is der goed 12 kilometer mei hege snelheid spûkriden.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Dronryp waard dêrnei troch acht plysjeweinen hermetysk ôfsletten sadat gjinien it doarp ferlitte koe. Der waard in plysjehûn ynset en in Burgernetberjocht ferstjoerd mei in beskriuwing fan de auto. In kertier letter waard de wein oantroffen oan De Terp. De bestjoerder wie poater. De plysje hat de folsleine omjouwing ôfsocht, en sels yn in wente socht.

De bestjoerder waard lykwols net mear fûn, mar de plysje hat in fermoeden wa't de man is. De wein waard dêrnei yn beslach naam en ôffierd. De plysje docht op it stuit forinsysk ûndersyk.

De efterfolging soarge foar in soad libben yn Dronryp, wêrtroch't ynwenners nei bûten ta kamen en tsjûge wiene fan it barren. Der soe gjinien ferwûne rekke wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)