De Fryske stêden sette de alve fonteinen oan op Kletterdei

19 mrt 2021 - 06:23

Sneon spuitsje de alve fonteinen fan de 11Fountains yn de Fryske stêden nei in winterstop tagelyk damp, iis, stoom of seewetter. De Fontein fan Fortuna yn Snits docht ek mei, mar moat nije wike foar ûnderhâld wer út.

Wethâlder Mirjam Bakker by de blomfontein yn Drylts

De Fontein fan Fortuna draait net yn de rûnte en it byld fan de man mei de 'Hoorn des Overvloeds' moat skjinmakke wurde. De keunstner Stephan Balkenhol koe fanwegen syn sûnens it ûnderhâld net dwaan. In freon fan him nimt it wurk takom wike mei foar reparaasje. "Dan is 'ie weer helemaal spic en span", belooft wethâlder Mirjam Bakker fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Fanwege it coronafirus is Kletterdei gjin evenemint. Online wurdt mei in oade fan dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, it seizoen iepene foar de fonteinen. Om 9.00 oere giet in fideo live op friesland.nl wêryn't de keunstwurken foar in breed publyk te bewûnderjen binne.

Fideo-foarpriuw mei oade fan Nyk de Vries

De fonteinen binne fan Kulturele Haadstêd 2018 ôf eachlûkers wurden. Marketingorganisaasje Merk Fryslân sil nije planne útfiere om noch mear toeristen by de fonteinen te krijen. Mei in webapplikaasje fol tips foar de omjouwing en meartalige informaasje op buorden, moat de ynternasjonale toerist mei de ferhalen en de alve nije kuierrûten yn kontakt komme.

In oar marketingplan is om de stedsbewenners te belûken by de fonteinen. "We werken aan het concept 'Stadsgezichten' om vanuit het perspectief van de inwoners van de steden te vertellen. Hoe zien zij de stad en de fontein?", leit kampanjelieder kultuer fan Merk Fryslân, Karin Hofmeijer út. "We nemen ze mee en wandelen de route. We laten een groter publiek kennis maken met de elf steden en de fonteinen door video en verhalen die daaruit voortkomen."

De 11Fountains-fontein yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(Advertinsje)
(Advertinsje)