VC Snits pakt earste oerwinning yn kampioenspûl tsjin Zwolle

VC Snits hat tongersdeitejûn de tredde wedstriid yn de kampioenspûl wûn. Yn eigen hûs wiene de follybalsters yn in spannend duel mei 3-2 te sterk foar hikkesluter Zwolle. It wie de earste oerwinning yn de pûl.
© Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
De Snitsers kamen yn de earste set al gau op in flinke efterstân mar makken krekt foar it ein fan de set wer lyk. Nei it ferslaan fan in setpoint fan Zwolle pakte Snits de winst mei 27-26.
Yn de twadde set giene de ploegen lykop, mar de winst wie mei 20-25 foar Zwolle. De Snitsers hiene it yn de tredde set wat makliker en wûnen mei 25-20, mar yn de set dernei waard it wer spannender en Zwolle wûn mei 20-25.
In fiifde set moast dus de beslissing bringe en Snits sette goed útein troch in rappe 6-1 foarsprong te pakken, mar Zwolle kaam werom en de ploegen bleaune ticht byinoar. Mei 15-12 sleepte Snits de oerwinning oer de streek.

Drege kampioenspûl

VC Snits stiet nei twa ferliezen en de winst fan tongersdei op 3 punten yn de kampioenspûl. De earste twa ploegen spylje om it kampioenskip. Mei noch trije wedstriden te gean stiet Snits tredde, mei 5 punten efterstân op nûmer twa Sliedrecht Sport.
VC Snits-trainer Jeffrey Scharbaai oer de wedstriid