Goudzwaard leit him del by misgripen sit: "Spitich, mar dit is ek polityk"

18 mrt 2021 - 20:53

"It is spitich, wy hawwe it smoar yn. Mar dit is ek polityk", seit Maarten Goudzwaard van JA21. De nije prognoaze fan it ANP is bikkelhurd. JA21 krijt ien sit minder as earder foarsein waard: 3 yn stee fan 4. En Goudzwaard út Ljouwert stiet as nûmer 4 op de kandidatelist.

Foto: Omrop Fryslân

"It wichtichste is dat wy as nije partij noch altyd in grutte prestaasje levere hawwe", jout Goudzwaard oan. Hy is earlik en jout oan dat er eins woansdeitejûn al in slach om 'e earm hold. "Wy wisten dat it kiele-kiele wurde soe. Wy krigen 'm der justernacht by, mar wy wisten wol dat it noch spannend wurde soe."

No rjochtsje ik my wer op de provinsje. Der is genôch te dwaan yn Fryslân.

Maarten Goudzwaard fan JA21

Goudzwaard tinkt sels net dat de prognoaze noch yn syn foardiel feroarje sil. "Dêr gean ik net fan út. No rjochtsje ik my wer op de provinsje. Der is genôch te dwaan yn Fryslân. Wy hawwe ek goed kontakt mei de oare provinsjale JA21-fraksjes."

De politikus wie yn it ferline foarsitter fan de Steatefraksje fan Forum voor Democratie, mar Goudzwaard stapte yn jannewaris oer nei de nije partij JA21 fan Joost Eerdmans en Annabel Nanninga nei opskuor binnen Forum voor Democratie.

Maarten Goudzwaard

(Advertinsje)
(Advertinsje)