PvdA krijt in ekstra sit yn gemeenteried Noardeast-Fryslân: Lammering stapt oer

18 mrt 2021 - 20:29

Riedslid Johan Lammering fan De Groenen stapt oer nei de fraksje fan de PvdA yn de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân. Lammering siet earder by S!N (earder Dongeradeel Sociaal), mar yn jannewaris ferline jier ferliet hy dy partij. Yn maart ferbûn hy him oan De Groenen. Yn de ried foarme hy in ienmansfraksje.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

Lammering wurke yn it ôfrûne jier al in soad gear mei de sosjaaldemokraten. "De samenwerking tussen onze fracties is constructief. Vooral op terreinen als armoedebestrijding, biodiversiteit en energietransitie komen onze standpunten overeen. Deze stap ligt dus voor de hand," seit PvdA-fraksjefoarsitter Gryte Schaafstal. De PvdA fynt dat Lammering kritysk en skerp operearret, út in sosjaal en grien hert wei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)