Tal besmettingen de wike nimt wer ta yn Fryslân, mar minder stjergefallen

19 mrt 2021 - 06:00

It tal coronabesmettingen dat dizze wike yn ús provinsje meld is, gie yn ferliking mei in wike earder omheech. Dizze wike wiene it der 1.611, tsjinoer 1.180 ferline wike. Dat is in groei fan 36,5 prosint. It tal stjergefallen naam ôf fan 16 nei 10.

In testlokaasje foar it coronafirus yn Drylts - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Yn trochsneed waarden de ôfrûne wike alle dagen 230 besmettingen meld. Dat sifer lei ferline wike op 168. Mei de 1.611 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 29.735 Friezen it coronafirus fêststeld.

Measten yn Súdwest-Fryslân

De measte besmettingen binne dizze wike meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân: it giet om 347 besmettingen. In wike lyn wienen dat noch 185, in taname fan hast 88%.

Nei Súdwest-Fryslân folgje Ljouwert mei 265 (lytse groei) en Waadhoeke mei 176 besmettingen (goed 25% mear as ferline wike).

Omrekkene nei it tal ynwenners sjitte ek Súdwest-Fryslân en Waadhoeke derboppeút. Yn Súdwest-Fryslân waarden 386 besmettingen op 100.000 ynwenners fêststeld, yn Waardhoeke 382. Ek Noardeast-Fryslân sit noch heech: 332 op 100.000 ynwenners.

Hast 30.000

Mei de 1.611 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 29.736 Friezen it coronafirus fêststeld.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

It tal stjergefallen is neffens it RIVM wat weromrûn: fan 16 nei 10. It tal stjergefallen troch it coronafirus rint foar de fiifde wike op rige werom. Dat is it effekt fan de faksinaasjes. Dy soargje derfoar dat kwetsbere minsken folle minder faak besmet reitsje as earder en dus ek net mear komme te stjerren oan it firus.

De 10 stjergefallen dy't dizze wike meld wurde, binne net perfoarst allegear fan de ôfrûne sân dagen. Somtiden wurde de sifers pas letter trochjûn.

It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus leit no op 431. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)