Harns krijt biomassasintrale fan 30 miljoen euro foar floeiber gas

18 mrt 2021 - 18:15

Harns krijt yn 2023 ien fan de grutste biogas-sintrales fan Nederlân. It wurdt de earste sintrale foar bio-LNG (floeiber biologysk gas) yn Nederlân. De sintrale komt te stean by de haven en ferget in ynvestearring fan 30 miljoen euro.

Harns krijt biomassasintrale fan 30 miljoen euro

De nije sintrale is in projekt fan it bedriuw Sustainable Fuel Plant (SFP), in groep fan ynvestearders mei ûnder oaren de Fries Erik Brouwer. Njonken dit bedriuw dogge in tal finansiers oan it projekt mei. SFP is al eigener fan in biomassasintrale yn it Siuwske Westdorpe net fier fan de Belgyske grins.

Doeksen

De opbringst fan de sintrale is benammen bedoeld foar swier fracht- en skipfeartferkear. Dat is no tige fersmoargjend en it is dreech om dizze sektor op stroom oergean te litten. Rederij Doeksen, bekend fan de feartsjinsten nei Flylân en Skylge, is ien fan de ôfnimmers. Koninklijke Doeksen út Rotterdam, It memmebedriuw fan de fearboattak, is ek mei oandielhâlder en ynvestearder yn it projekt.

Neffens direkteur Paul Melles leit der in grutte klimaatopjefte foar it bedriuw de kommende jierren. Bio-LNG kin dêr in wichtige bydrage yn leverje, tinkt hy. De twa nijste boaten fan Doeksen farre al op LNG en kinne krekt like goed op bio-LNG farre.

Restprodukten

De sintrale yn Harns draait folslein op biomassa. Dy moat sa folle mooglik út de omjouwing komme, seit Brouwer. Dêrby moat foaral tocht wurde oan restprodukten út de iten-ferwurkjende yndustry en de lânbou. De sintrale draait net op stront. Yn Seelân is dat mei 50 persint wol sa. Brouwer fersekeret ek dat der gjin beammen omseage wurde foar de sintrale. De sintrale brûkt gjin hout. En sil de biomassa net fan fier oanfierd wurde. Oer stank hoege de Harnzers net yn te sitten, seit Brouwer. Ferskate ynstallaasjes en systemen soargje der foar dat der gjin of hast gjin geur ûntsnappe kin.

Fjouwer bunder

De sintrale komt te stean op in stik lân fan fjouwer bunder tsjinoer it sân- en grintbedriuw Spaansen. It grutste part fan de ynstallaasje bestiet út fergisters. It ferwurkingspart fan it gas is in stik lytser. Njonken bio-LNG produsearret de sintrale ek kompost en digistaat foar it bedongjen fan de grûn en floeiber CO2 foar de túnbou. Njonken Harns sil SFP in ferlykbere sintrale bouwe yn Delfzijl.

Gjin subsydzje

Yn tsjinstelling ta hast alle biomassasintrales sille de projekten yn Harns en Delfzijl net draaie op subsydzje foar duorsume enerzjy (SDE). Dat docht de sintrale yn Seelân noch wol. Brouwer rekkenet der op dat de merk foar bio-LNG him sa ûntwikkelje sil dat de sintrale de eigen broek ophâlde kin en dat der gjin subsydzje nedich is.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer

(Advertinsje)
(Advertinsje)