Krúsjaal duel foar SC Hearrenfean: "Als we wat willen, moeten we winnen"

18 mrt 2021 - 17:10

De wedstriid freed tsjin konkurrint FC Twente is net samar in wedstriid. Foar SC Hearrenfean stiet der in soad op it spul. By winst is de ploech noch yn 'e race foar plak acht en dus foar Europeesk fuotbal. By ferlies is it seizoen sa goed as oer. Johnny Jansen: "Hoe het allemaal afloopt kan ik je niet vertellen, want het is een hele rare competitie. Maar om mee te willen blijven doen, moet je deze winnen."

Johnny Jansen HEETWE

In delegaasje fan de supportersferiening Nieuw Noord wie tiisdei op besite yn it Abe Lenstra Stadion. Nei it dramatyske ferlies tsjin Willem II wie de maat fol. De supporters easkje passy en striid op it fjild en dêr wie yn Tilburg neat fan te fernimmen.

Je kunt nog zo slecht voetballen, maar strijden en knokken moet je altijd.

Johnny Jansen

Johnny Jansen wie by it petear en ek trije spilers skoden oan: oanfierder Henk Veerman, Siem de Jong en Pawel Bochniewicz. Fan de direksje wie algemien direkteur Cees Roozemond derby.

Jansen: "Dat mag van mij wel elk half jaar. Ik vind het ook wel passen bij de club, beter dan het trainingsveld bestormen. De supporters vertelden waar ze zich aan irriteren en wat ze vinden wat we beter moeten doen. Want je kunt nog zo slecht voetballen, maar strijden en knokken moet je altijd."

De wedstriid SC Hearrenfean - FC Twente is freedtejûn en begjint om 20.00 oere. De wedstriid is live te folgjen fia in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.

Riemer van der Velde

Yn 'e Sportcast fan Omrop Fryslân wie Riemer van der Velde dizze wike te gast. Hy wie dêryn flink kritysk oer guon spilers. Hy die útspraken as: "Mitchell van Bergen is in bytsje in blinde". En oer kluptopskoarer Henk Veerman sei de earefoarsitter: "Ik bin 80 jier , mar kin better koppe as him, dat is toch net te filmjen." Mar ek oer de spulwize en benammen oer de ynfolling fan it middenfjild hie Van der Velde flink wat oan te merken. Hy fynt it skande dat Joey Veerman no oan de linkerkant fuotballet. Neffens Van der Velde komt Veerman folle better ta syn rjocht as hy 'efter de bal' fuotballet.

Jansen: "Dat heeft hij mij ook wel eens verteld en ik begrijp heel goed wat hij zegt en kan me er ook wel in vinden. Zo heeft iedereen zijn kijk op voetbal en dat mag, maar ik denk dat Joey iets hoger op het veld, meer rendement heeft. Bovendien krijgt hij nog steeds de vrijheid om uit te zakken."

Joey Veerman HEETWE

Joey Veerman

"Mijn beste positie op het middenveld is op "zes" of op "acht", seit Joey Veerman. "Daar ga ik niet om liegen. Kijk nou naar die eerste goal tegen Den Haag. Dan laat ik me inzakken en geef een lange bal over 50 meter. Ik denk dat dat mijn kracht is. Maar ik speel nu hangend linksbuiten in een vrije rol. Dat is waar de trainer me wil hebben. Zo sta ik op het formulier."

De trainer weet wat mijn favoriete positie is en ik weet niet of het zin heeft daar met hem over te discussiëren.

Joey Veerman

Veerman hat it mei Jansen net faak oer de posysje dêr't hy it leafst fuotballet. "Nee, eigenlijk niet. De trainer weet wat mijn favoriete positie is, ik weet niet of het zin heeft daar veel met hem over te discussiëren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)