Operaasje Fryske Flagge: Elske de Bruin yn Niger: "Fryslân bliuwt myn thús"

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike Elske de Bruin yn Niamey, de haadstêd fan it Afrikaanske lân Niger.
Elske de Bruin © Omrop Fryslân
Elske de Bruin wennet no twa jier yn Niger, mei har man en bern. Se wurde hieltyd yn oare lannen stasjonearre, omdat har man foar in bedriuw wurket dat wetterliedings oanleit.
It ferskil mei Fryslân is grut. "It is hjir waarm en sjochst earme minsken op strjitte." Elske wennet yn in stiennen hûs mei in grutte tún en in swimbad., "Mar flakby is in wenwykje mei lytse hutsjes. It stiet allegearre wat trochinoar."
Foar Niger hawwe se trije jier yn Sambia wenne. Niger is minder maklik om te wenjen, fynt se. Nei alle gedachten ferhúzje se takom jier wer nei it oar lân. "De bern binne noch lyts. It kin no noch."
Wat is Fryslân foar har? "Fryslân is en bliuwt myn thús, ek al haw ik yn soad lannen wenne. Ik mei der altyd graach komme."
Elske de Bruin
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.