Turncoach Gerben Wiersma stapt op

18 mrt 2021 - 15:34

Turncoach Gerben Wiersma fan It Hearrenfean sil net langer de turnfroulju coache. Yn in ferklearring op de Facebookside fan turnbûn KNGU makke er tongersdei bekend dat hy fuortendaliks opstapt. "Ik heb hier verschillende redenen voor, zowel professioneel als persoonlijk", sei Wiersma. Ferline jier kamen Wiersma en ferskate oare turncoaches yn opspraak fanwege 'grensoverschrijdend gedrag'.

Turncoach Gerben Wiersma makket bekend dat er ophâldt

Yn july ferline jier kamen de earste ferhalen nei bûten fan turnsters dy't har fysyk en geastlik mishannele fielden troch ûnder oaren Vincent Wevers, de heit fan de turnsters Sanne en Lieke.

Yn earste ynstânsje mochten meardere coaches net mear oan it wurk foar de KNGU. Sûnt 1 septimber wie Wiersma wol wer oan de slach as coach. De KNGU hie sels ûndersyk dien nei de beskuldigingen en kaam ta de konklúzje dat der gjin maatregels tsjin Wiersma nedich wiene.

"Heftige moannen"

Wiersma jout oan dat it in dreech beslút wie. "Der giene moannen oan foarôf. Mar je moatte op in bepaald stuit in knoop trochhakke, hoe dreech as it ek is. De ôfrûne sân moannen wiene heftich. It is in drege tiid yn de turnwâld. Mar mei it fuortstappen fan my ûntstiet der ek romte foar fersnelling."

Dochs tinkt hy dat it in goeie kar is: "Ik wit goed wat der nedich is om op de top te prestearjen. Dy enerzjy moat ik sels ek leverje kinne. En ast de 100 persint net jaan kinst, dan dochst de sport tekoart en úteinlik dysels ek."

Wiersma wurket sûnt 2008 by it gymnastykbûn, de lêste acht jier as bûnscoach. Bram van Bokhoven, bûnscoach fan de manljusploech, nimt de taken fan Wiersma oer oant en mei de Olympyske Spelen. Dy binne oer fjouwer moannen yn Tokio.

Gerben Wiersma oer syn opstappen

Gerben Wiersma - Foto: Orange Pictures

Unôfhinklik ûndersyk

Der rint ek noch in ûndersyk fan Verinorm. Dat bedriuw hat 17.000 mailadressen byinoar sammele en oproppen om mei te wurkjen oan in ûnôfhinklik ûndersyk nei 'grensoverschrijdend gedrag'. De útkomsten fan dat ûndersyk binne noch net bekend.

Trefwurden: 
turnjen Gerben Wiersma KNGU
(Advertinsje)
(Advertinsje)