Unrêststokers yn Easterein: fjoerwurk, ferpleatsing en fernielingen op jûntiid

It is yn Easterein al ferskate wykeinen ûnrêstich op jûntiid, dat meldt de plysje. Neffens ien fan de wykaginten yn Súdwest-Fryslân wurdt der fjoerwurk ôfstutsen, helje minsken guod fan it hiem en binne der fernielingen. De persoanen dy't de ûnrêst feroarsaakje, hâlden harren net oan de jûnsklok.
© Omrop Fryslân, René Koster
Minsken dy't mear ynformaasje hawwe, wurde frege om kontakt op te nimmen mei de plysje.