267 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

It RIVM meldt tongersdei 267 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der 29 mear as woansdei. Doe wienen der 238 nije besmettingen meld. Yn de ôfrûne wike binne der alle dagen yn trochsneed 207 besmettingen konstatearre.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (53), dêrnei folgje Ljouwert (38) en De Fryske Marren (32)
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der hawwe fiif sikehûsopnamen west yn Fryslân.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 6.187 minsken besmet mei it coronafirus yn de ôfrûne 24 oeren.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.