Ein oan de boarterstiid: treurprotters einlings fongen op It Hearrenfean

18 mrt 2021 - 14:59

Twa treurprotters op It Hearrenfean binne lang om let fongen. It giet om úthiemske fûgels, dy't in gefaar foarmje foar oare fûgels. Mooglik binne de treurprotters útnaaid út in foliêre. Ferline jier wiene se spot yn in wyk en begjin maart hat de provinsje in ekolooch ynskeakele om de fûgels te fangen.

Treurprotters einlings fongen

De treurprotters ferniele nêsten, kinne sykten meibringe en kinne oare jonge fûgels deadzje. Ekolooch Johannes Ruurd Fokkens begûn begjin maart mei syn jacht op de fûgels. Dêr hat er ferskate fangkoaien foar delset mei beferzen ierdbeien, om't de fûgels sljocht op fruit binne. "Ik haw der no slachnetsjes omhinne boud, it wie efkes wachtsjen en doe kamen se." Neffens Fokkens jouwe de fûgels yn lytse oantallen noch net safolle oerlêst, mar as sy yn grutte groepen binne wol.

Tûke fûgels

It fangen moast wol op in 'bistfreonlike' wize barre. Mar it soe noch in flinke poepetoer wurde, want de treurprotters binne tûke fûgels. De treurprotters komme benammen foar yn tropyske gebieten yn Azië en it Midden-Easten.

De treurprotters moatte in plak krije yn in opfang dy't der yn spesjalisearre is om 'ynvasive soarten' te behâlden. "Hokker opfang is noch net hielendal wis. Freed of sneon krije se in plak yn in grutte foliêre. De provinsje is tefreden, moai dat it sa koe."

Foto: Provinsje Fryslân

Ecolooch Johannes Ruurd Fokkens

(Advertinsje)
(Advertinsje)