HEA! Wietze ûntsmet De Wieken

18 mrt 2021 - 14:54

Yn de strjitte De Wieken yn Snits wurde ferskate huzen opknapt. Om it bouplak coronafrij te hâlden, moatte alle dagen de doarren, doarposten, ljochtknopkes en stopkontakten fan de huzen ûntsmet wurde. En dan komt Wietze Klijnstra yn byld. De hiele dei rint hy te poetsen en te himmeljen, mei it fleurichste sin fan de wrâld. Earder wie hy skilder, mar dit wurk fynt hy ek prima. En oeral kenne se Wietze en groetsje se him.

HEA! Goeie Wietze

Trefwurden: 
Snits Hea! De Wieken
(Advertinsje)
(Advertinsje)