Ljouwerter ambulânsefabryk Visser ferhûzet nei nije fabrykshal

18 mrt 2021 - 14:25

Al jierrenlang binne de felgiele ambulânses fan Visser BV in bekend gesicht op yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert. It bedriuw sit op dit stuit op twa lokaasjes yn de Fryske haadstêd, mar wol fan twa ien meitsje. De nije fabrykshal komt oan de oare kant fan de stêd, deun njonken de Heak, en moat alle wiken twa helptsjinstweinen ôfleverje.

Foto: Omrop Fryslan

Yn totaal rôlje der dus alle jierren hûndert nije ambulânses fan de bân, dy't rûnom yn Nederlân ynset wurde. De auto's komme keal binnen, en wurde yn it fabryk fan Visser folslein oanpast nei de winsken fan de feilichheidsregio's. Sa hat de ambulânse fan Kennemerland bygelyks in grutte foto fan it sirkwy fan Zandvoort yn de behannelromte. Mar ek de medyske apparaten kinne krekt eefkes oars ynstallearre wurde, as de organisaasjes dêrom freegje.

Twa lokaasjes wurde ien

Visser B.V. sit al sûnt de jierren '60 oan de Edisonstrjitte yn Ljouwert, en krige dêr yn 2016 in lokaasje op De Hemrik by. Net ideaal foar it bedriuw, en dus waard der socht nei in oplossing. Op de nije lokaasje kin effisjinter wurke wurde, en is dêrnjonken ek groei mooglik.

Njonken it gebou is sels noch in stik grien oer dat in eventuele takomstige útwreiding mooglik makket. Op dit stuit is der noch gjin sprake fan it oannimmen fan ekstra personiel, mar Jelmer Postma fan Visser BV, slút net út dat dit yn de takomst noch feroarje kin.

Op 1 april krije se de kaai fan it gebou, en al flot dêrnei moatte de earste ambulânses, en brânwachtauto's alwer klear makke wurde.

Harkje nei in petear mei Jelmer Postma fan Visser BV

(Advertinsje)
(Advertinsje)