Bern plantsje beammen by Drachtster skoalle op Fryske beamfeestdei

18 mrt 2021 - 14:16

Wapene mei in skeppe ha skoalbern fan De Plotter yn Drachten tongersdeitemoarn seishûndert jonge beamkes plante foar de Fryske beamfeestdei. De earste beammen waarden troch wethâlder Maria le Roy fan Smellingerlân en deputearre Klaas Fokkinga noch yn de grûn set, dêrnei mochten de bern sels oan de slach.

Bern plantsje beammen

In wylch, in iik of in bûk: bern fan de Drachtster montessoriskoalle witte no net allinnich watfoar beammen dat binne, se kinne se ek plantsje. "We binne hjir in beam oan it plantsjen, want it is de nasjonale beamfeestdei", leit Xenne út, wylst hy mei syn freontsje Dinand de fiifde beam yn de grûn set.

De bern leare op dizze dei hoe wichtich oft beammen binne foar de natuer. "Beammen soargje foar nije en goeie soerstof en se nimme de smoarge lucht op", wit Xenne te fertellen. Mar beammen binne ek hiel leuk. "Je kan er ook een boomhut in maken of in klimmen", fertelt Dinand.

De skoalle hat in spesjaal lespakket krigen. Learkrêften kinne de bern yn it lytse bosk dat se oanlizze, lesjaan oer de planten en de beammen. "De kinderen zijn zo enthousiast", fertelt direkteur Ineke Schouwstra fan De Plotter. "Het was een voetbalveldje en dat wilden ze graag opofferen voor een bosje. Het leven is een cyclus en dat krijgen ze in het montessorionderwijs heel erg mee. Nu ga je daar zelf aan meewerken, dat is prachtig."

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

De nasjonale beamfeestdei soe dit jier op woansdei 17 maart hâlden wurde, mar is ferpleatst nei 10 novimber fanwege de coronapandemy.

(Advertinsje)
(Advertinsje)