Dûnsselskip Ivgi & Greben operearret út Neushoorn Ljouwert wei

18 mrt 2021 - 14:02

Dûnsselskip Ivgi & Greben is los yn Fryslân. Se hawwe plak fûn yn Neushoorn yn Ljouwert. It binne gjin maklike tiden om los te gean fanwege corona, mar bytsje by bytsje krijt it selskip hieltyd mear foarm. De ferwachtings lizze heech: it selskip is de grutte nijkommer yn kultureel Fryslân en krijt in soad subsydzje fan de provinsje.

Dûnsselskip Ivgi en Greben oefenet yn Neushoorn Ljouwert

De audysjes binne krekt achter de rêch en it wie needsaaklik om dy 'live' te dwaan, sa fertelt Johan Greben, ien fan de twa lieders fan it dûnsselskip. "Niemand kwam binnen zonder getest te worden en we hebben eindelijk weer eens helemaal vrij kunnen werken, heerlijk was dat."

Der wiene fjouwerhûndert oanmeldings en dêr binne 26 kandidaten út selektearre dy't op audysje komme mochten. Uteinlik binne dêr seis dûnsers fan oerbleaun, út hiel Europa wei bygelyks Italië, Hongarije en België. Ien dûnser komt út Nederlân, in Friezinne om utens.

Johan Greben fan dûnsselskip Ivgi & Greben

Utfalsbasis foar it dûnsselskip is poppoadium Neushoorn yn Ljouwert, dêr't ek Jeugd Dansopleiding Fryslân yn sit. "Je hebt hier een prachtige danszaal met een goede dansvloer op een centrale plek in Leeuwarden, naast De Harmonie, waarmee we willen samenwerken," aldus Greben.

Serge Hollander, direkteur fan Neushoorn, is bliid mei de komst fan it dûnsselskip. "Het is van belang dat de leerlingen een voorbeeld hebben waar ze naar toe kunnen werken."

Serge Hollander, direkteur fan Neushoorn

Ivgi & Greben hiene grutte plannen foar harren alderearste foarstelling. It idee wie om oan de ein fan de simmer los te gean op it Saailân mei in grut projekt mei fyftich dûnsers, ûnder wa jongerein fan de Jeugd Dansopleiding. It Fries Museum wie der ek by belutsen mei in grutte ynstallaasje mei objekten. Mar it kin net trochgean, om't it te grut opset is.

Neffens Uri Ivgi, de oare lieder fan it dûnsselsskip, is it lestich om los te gean yn dizze coronatiid. "Je maakt plannen, maar je weet niet of het doorgaat. Je werkt er heel hard aan, maar dan kan het weer niet doorgaan." Se binne no oan it sjen oft se los kinne mei wat oars, mooglik in ymtimere foarstelling yn De Harmonie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)