Gemeente Hearrenfean kriget mear as oardel miljoen foar feiligere diken

18 mrt 2021 - 13:15

De gemeente Hearrenfean kin foar hast 1,75 miljoen Ryksjild gemeentlike wegen feiliger meitsje. Maatregels moatte derfoar soargje dat it ferkear minder hurd ride kin, der komme nije fytspaden, besteande fytspaden wurde breder makke en der komme feilige sônes by skoallen.

De Veenweg is ien fan de wegen dy't ferkearsfeiliger makke wurde - Foto: Google Streetview

It Ryk wol yn it hiele lân diken feiliger meitsjen, want der binne tefolle ferkearsdeaden. Foar de perioade oant it jier 2030 is dêr lanlik 500 miljoen subsydzje foar.

De gemeente Hearrenfean hat by it Ryk in oanfraach dien út dy subsydzjepot. De diken dy't oanpakt wurde, binne ûnder oare de Gaasterlandlaan, de Leeuwarderstraatweg en de Ds. Veenweg op It Hearrenfean.

Der binne wol betingsten oan de finansjele bydrage. It Ryk keart allinnich jild út as de gemeente der sels in likeheech bedrach by leit. Fierders moat in part fan it wurk noch dit jier útfierd wurde. Wêr't de gemeentlike bydrage foar dy kosten weikomme moat, moat de ried noch oer beslute. Mooglik kinne oare dingen dan net trochgean.

Foar de projekten dy't nei dit jier harren beslach krije, freget de gemeente ek by de provinsje subsydzje oan.

Trefwurden: 
Hearrenfean ferkear feiligens
(Advertinsje)
(Advertinsje)