Partijen reagearje op ferkiezingsútslach: foar de ien feest, foar de oar teloarstelling

Noch net alle stimmen binne teld, mar de kontoeren fan de nije Twadde Keamer nei de ferkiezingen fan woansdei, binne wol dúdlik: de VVD wint en D66 wurdt de twadde partij. Forum voor Democratie is de grutste winner, GroenLinks de grutste ferliezer. Twa partijen dy't it altiten goed diene yn Fryslân, sakje hjir no ek troch it iis: CDA en PvdA. Hoe is it nijs oankaam bij de fertsjintwurdiging fan de partijen yn Fryslân?
Winners en ferliezers by de ferkiezingen

CDA

De ferkiezingsútslach is in klap yn it gesicht fan it CDA en de fersleinens is dan ek grut by kampanjelieder Hildebrand Bijleveld. "It is echt in teloarstelling. Wy hienen echt wol op better rekkene. It grutste ferlies sit yn Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. En ek in stik yn Súdwest-Fryslân. Dus echt de gebieten dêr't de agraryske sektor hiel sterk is, dêr ferlieze we."
De les dy't it CDA út it ferlies lûke kin, is neffens Bijleveld dat de partij de ferbining mei de minsken wer sykje moat. Yn de Fryske gemeenten dêr't it CDA ferlern hat, binne de partijen BoerenBurgerBeweging en Forum voor Democratie it measte groeid, seit er. "Dus dat sil in relaasje mei elkoar hawwe."
Bijleveld tinkt dat ek de stikstofdiskusje negatyf west hat foar de resultaten fan syn partij. "It klimaatbeleid en it klimaatdebat hat de boeren en it plattelân doch in bytsje kriminalisearre. It CDA sit yn de koälysje en ik tink dat de minsken dêr it CDA op oansprekke, ek al stiet dy dêr echt hiel oars yn as D66 en oare partijen. Kenlik hinget dat dermei gear."
Hildebrand Bijleveld, kampanjelieder fan it CDA

FvD

Erwin Jousma fan Forum voor Democratie is lykas ferwachte bliid mei de útslach. "Een verviervoudiging van het aantal zetels is niet niks. Dat mag gevierd worden."
De partij is út in djip dal kommen nei akkefytsjes mei 'rasistyske appkes'. Neffens Jousma hat de aktive ferkiezingskampanje fan Forum voor Democratie meiholpen oan it positive resultaat. "Veel mensen zijn kritisch op het beleid. Dat heeft zich niet vertaald in de verkiezingsuitslag, maar dat hebben we wel gevoeld."
Erwin Jousma fan Forum voor Democratie

PvdA

De kater is grut by Christa Oosterbaan fan de PvdA. Dy partij bliuwt lanlik, sa't it no liket, op de njoggen sitten stean dy't se hiene. "Ik zie over heel links een slagveld. En dan blijven wij nog gelijk, maar dat is wel echt een hele schrale troost na vier jaar in de oppositie", seit in teloarstelde Oosterbaan.
Neffens har binne in soad linkse kiezers oerstapt nei D66. Se betwivelet oft dy partij, dy't se net as links sjocht, as twadde regearingspartij wol foldwaan sil oan de ferwachtingen fan de oerstapte kiezers foar in linkser belied. "Die druk ligt nu echt bij D66, vind ik, om ervoor te zorgen dat dat in de uitvoering straks ook zichtbaar is."
Christa Oosterbaan fan de PvdA

GroenLinks

En dan de partij dy't it measte ferlern hat, GroenLinks. Sa't it no liket, giet it tal sitten foar dizze partij troch de helte: fan fjirtjin nei sân. Charda Kuipers fan GroenLinks yn Provinsjale Steaten klinkt der wat berêstend ûnder. "Het is wat het is." Se seach it ferlies de ôfrûne wiken al wat oankommen. "In de campagne, wat je meekrijgt in de media en op de tv, dacht ik wel van: 'Goh, dit wordt een beetje en populariteitswedstrijd en het gaat alleen nog maar over de poppetjes in plaats van de inhoud.' Dan werd ik niet heel enthousiast."
Neffens Kuipers hat partijlieder Jesse Klaver wol goed sichtber west yn de debatten, mar krige er net genôch romte om syn boadskip te ferkundigjen. Der sit net folle mear op as trochgean, fynt se. "Wij moeten herpakken en door, want wij hebben een hele mooie boodschap.
Charda Kuipers fan GroenLinks
© Omrop Fryslân, Sian Wierda