Blydskip en fernuvering yn Noardeast oer winst VVD: "Hiel ferrassend"

Nei fjouwer jier regearjen wie it woansdei oan de kiezer. Yn in soad Fryske gemeenten waard it CDA dit kear fan syn troan stjitten troch de VVD. Dy partij hat ek lanlik in oergrutte mearderheid fan de stimmen krigen. Yn it noardeasten fan Fryslân bleau it CDA lykwols it grutste. Ferslachjouwer Ben de Jager fan RTV NOF gie de strjitte op yn Dokkum om minsken te freegjen wat sy fan de útslach fine.
It winkelsintrum fan Dokkum © Omrop Fryslân, Aise van Beets
"Het is zoals het is. Daar moeten we het maar mee doen", sei ien. In oare man spruts wat mear fertrouwen út en fynt dat de VVD de ekstra sitten fertsjinnet: "Ik sjoch it wol sitten. Ik ha fertrouwen yn de VVD. Ik fyn dat se it goed dogge."
Guon seagen ek wol ferheard op doe't se de útslach hearden. "Hiel ferrassend", seit in man. "Ik fyn it skande dat Omtzigt (CDA, red.) en Leijten (SP, red.), dy't de taslagge-affêre goed foar it ljocht brocht hawwe, net beleanne binne. Dat is hiel teloarstellend", seit dyselde man. It fernuveret him dat it CDA ynleverje moatten hat op de VVD.

"Sa't it no giet, kin ek net"

"Ik bin der bot fan skrokken", seit in frou. "Oan de iene kant docht it my wat, mar oan de oare kant net. Mar sa't it no giet, kin it ek net." In oare frou tinkt dat de coronakrisis deroan bydroegen hat dat de VVD dit kear de grutste is. "Maar bij mij had dat geen invloed."
Wer in oare frou hie ferwachte dat de PVV heger skoare soe. "Dat D66 sa grut wurde soe, wie in ferrassing. Dat hie ik net ferwachte." Ien frou hie op VVD-listlûker Mark Rutte stimd. "Ik fyn dat hy it goed docht. Ik ha alle respekt foar dy man."
Beharkje alle reaksjes fan minsken yn Dokkum hjirûnder:
Ferslachjouwer Ben de Jager fan RTV NOF yn Dokkum