Tsien miljoen euro yn twadde werstelpakket provinsje

18 mrt 2021 - 12:08

De provinsje Fryslân is in twadde werstelpakket oan it opstellen, mei dêryn tsien miljoen euro, om minsken troch de coronakrisis hinne te helpen. It pakket bestiet út twa ûnderdielen: regelingen foar op de koarte termyn, mar ek regelingen foar strukturele oplossings.

Foto: Provinsje Fryslân

It twadde pakket 'Lok op 1: No en Moarn' wurdt op 21 april troch de Provinsjale Steaten bepraat. Dêrnei wurdt de definitive ferzje fan it werstelpakket iepenbier makke. "It giet benammen nei de lytsere bedriuwen ta, de 'gastvrijheidseconomie', mar ek kultuer, leefberens en sport bygelyks", seit deputearre Sander de Rouwe.

"As de Steaten beslute om dit te dwaan, dan ha wy - tinke wy - genôch jild om it mkb, sportferienings en oare partijen te stypjen", seit De Rouwe. De provinsje wol oanfoljend Europeeske middels ynsette op it pakket. "Dan kin it pakket wol 20 miljoen wurde, foar dit jier en oar jier."

No en moarn

Yn 2020 kaam de provinsje al mei in werstelpakket Lok op 1: No en Moarn. Dat pakket fan 5 miljoen euro wie oanfoljende needhelp op de maatregels fan it Ryk en de al oanpaste provinsjale regelingen. De brede wolfeart en sirkulêre ekonomy wiene de útgongspunten fan dat pakket mei alve maatregels dy't ek omtinken joegen oan gastfrijheid, kultuer, leefberens en soarch en ûnderwiis.

Undersyk

Nei ôfrin fan it earste pakket waard in ûndersyk dien nei de earste resultaten en it winske gebrûk foar it twadde pakket. Dêrút hat bliken dien dat minsken yn in twadde pakket harren benammen rjochtsje wolle op strukturele ferbettering, ynnovaasje, duorsumens en it digitalisearjen. De besteande gearwurking tusken maatskiplike partners, oerheden, ûnderwiis en ûndernimmers spilet ek in wichtige rol.

Deputearre Sander de Rouwe

(Advertinsje)
(Advertinsje)