Tal wurkleasheidsútkearingen licht ôfnaam troch banen yn de soarch

It tal WW-útkearingen yn Fryslân is in bytsje ôfnaam, hat it UWV bekend makke. Dat komt troch de gruttere fraach nei personiel yn de soarch. Minsken kinne dêr oan de slach en hoege dan gjin wurkleasheidsútkearing oan te freegjen.
It gebou fan it UWV yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk
De sifers binne fan ein febrewaris. Doe hiene goed trije fan de hûndert leden fan de Fryske beropsbefolking in wurkleasheidsútkearing. De moanne dêrfoar wiene dat krekt wat mear.

Corona drukt groei tal banen

De wurkgelegenheid nimt oars altyd ta yn it foarjier. Troch de coronakrisis is dy taname lytser as yn de jierren dat der gjin corona is en gjin beheinende maatregels fan krêft binne.

Ferpleechkundigen

Yn de oanrin nei de simmer is der dus altyd mear fraach personiel yn de hoareka en de bou. Troch de corona is de fraach yn dy sektoaren minder, mar der is wol grut ferlet fan ferpleechkundigen, medysk spesjalisten en IC-fersoargers.
Nei ferwachting sil it tal banen yn de soarch fierder tanimme. Dêr is de wurkdruk heech. Minsken út oare beroppen kinne yn de soarch oan it wurk. Se moatte dêrfoar byleare of kursussen folgje. It UWV helpt wurknimmers om oan personiel te kommen.