Wurkstraf easke tsjin Easterwâldster om betaasten 11-jierrige

18 mrt 2021 - 10:58

In 73-jierrige ynwenner fan Easterwâlde wurdt derfan fertocht dat hy yn novimber 2019 in 11-jierrich jonkje oantaast (aangerand) hat. It Iepenbier Ministearje easke tongersdei in wurkstraf fan 180 oeren en in selstraf fan seis moannen ûnder betingst.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De fertochte ferskynde sels net op de behanneling fan syn saak yn de Ljouwerter rjochtbank. Neffens syn advokaat wie de geastlike belêsting dy't de strafsaak mei him meibrocht te grut foar syn kliïnt. De man soe op 8 novimber 2019 it jonkje oankrûpt, tute en op syn klean betaaste hawwe.

It jonkje kaam by man oan de doar jild freegjen foar snobbersguod. Oant safier rûnen de ferklearrings lykop, útsein dat de fertochte de plysje ferteld hie dat hy it jonkje jild jaan woe sadat hy earbellen keapje koe foar syn freondintsje. Dat fûn hy in moai gebear, mar hy woe de jonge dan wol in krûpke en in tút op it wang jaan.

Geslachtsdiel oanreitsje

Neffens it jonkje wie der folle mear bard en hie de fertochte him oer syn folsleine lichem oanrekke. Ek soe de man sein hawwe dat hy syn geslachtsdiel 'stiif' meitsje moast. Fuort nei it ynsidint fertelde de jonge oan syn heit wat der bard wie. De heit soe ferhaal helle hawwe by de fertochte en him mishannele hawwe. De fertochte hie net earder mei justysje yn oanrekking west.

De rjochtbank docht op 1 april útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)