Kollum: "Normaal"

"Wat in aparte ferkiezingskampanje wie dit. Listlûkers koene troch de regels tsjin de fersprieding fan corona der sels net op út om grutte manifestaasjes te hâlden of te flyerjen. Op dat iene kwasy-yntellektuele 'ongeleide' projektyl nei dan, witst wol, dy't rôp dat er it sa raar fûn dat hy troch de regels antifa's net op harren bek slaan koe - excusez le mot - dêr't we fansels neat efter sykje moatte, sa't we nea wat efter syn wurden sykje moatte. Mar dizze wurden binne hûnefluitsjes; foar wa't it hearre wol, net te missen.
© Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
Hawar, de gewoane minske waard op strjitte net opsocht, mar kaam sels mear as ea nei foaren yn 'e media. En ik fûn dat bêst in sukses. Bygelyks yn de studio fan Nieuwsuur, dêr't VVD-stimmers tsjinoer Rutte kamen te sitten. Ien fan harren wie in hoareka-ûndernimmer út Langwar. Rutte is sa glêd as in iel foar ynterviewers, mar dit wie in ûndernimmer dy't sei dat tsien jier VVD foar lytse ûndernimmers net sa bêst west hat, en hy joech Rutte net in kâns om dit fuort te laitsjen.
De gewoane minske stie ek yn De Volkskrant, yn portretsjes fan guon dy't sweefden en harren motivaasje dêrfoar. Ek hjir kamen Friezen oan bar. Ofrûne wykein foel in stikje op mei in man út Wolvegea, dy't sweefde tusken VVD en PVV. Hy fûn Rutte in goed lieder en fertrout derop dat de VVD de krisis oankin. Mar hy twivele doe't hy hearde dat - en dat is echt wier, it stiet yn 'e krante - Unilever it wurd 'normaal' skrast fan de fleskes shampoo. Dat gie de man te fier.
Dit wie nijs fan in pear dagen dêrfoar. Want wat wie der oan 'e hân? Unilever wol 'schoonheid' mear ynklusyf meitsje, en net mear allinnich mar blond en steil hier bedoele mei it wurd 'normaal'. Se skine in peiling dien te hawwen, dêr't útkaam dat mear as de helte fan de tsientûzen ûnderfrege minsken fan oer de hiele wrâld him bûtensletten fielt troch it wurd 'normaal' as beskriuwing fan hûd of hier. Unilever hâldt trouwens ek op mei it digitaal bewurkjen fan foto's fan modellen. Ja, my liket dit allegearre winst.
Mar de man út Wolvegea hat tocht: je meie ferjamme ek hielendal neat mear. No moat 'normaal' ek al fan myn fleskes shampoo ôf! Ik stim PVV! Even los fan dat ik dy lêste konklúzje net begryp, is de foargeande redenaasje miskien ek eat om oer nei te tinken. Wat is normaal?
It die my tinken oan de rel oer it fertalen fan it gedicht fan spoken word-artyst Amanda Gorman, dat se foardroech by de ynauguraasje fan Joe Biden as presidint fan de VS. It soe yn it Nederlânsk fertaald wurde troch Marieke Lucas Rijneveld, in bejeftige jonge skriuwer, mar ek wyt. Gorman is swart en har ferhaal hie dêr ek alles mei te krijen. It is ferlykber mei dat de Fryske teksten fan Piter Wilkens yn it Nederlânsk oerset wurde troch in Limboarger. Der kaam krityk op de kar foar Rijneveld, en dat begryp ik wol.
Mar de krityk waard beäntwurde mei sa'n selde 'je meie ferjamme ek hielendal neat mear'. Nota bene de sjef Boeken fan De Volkskrant skreau in ferskriklik beroerd stik dêr't se dit yn ferwurde, en sei dat normale minsken hjir gjin krityk op hawwe. We soene dochs, nei de wurden fan Gorman, as normale minsken gearkomme moatte? Normaal - dêr wie it wer.
Mar dat is net wat Gorman bedoelde. Sterker noch, dan hast hielendal neat fan Gorman har ferhaal begrepen. Normaal dwaan as betingst foar it gearkommen fan minsken is nochal wrâldfrjemd. Der is fansels net ien noarm dêr't minsken oan foldogge, of oan foldwaan moatte soene. Want net ien is normaal. Friezen binne net normaal. Nederlanners binne net normaal. En gjinien fan de gewoane minsken is normaal. En dat hinderet it besykjen om neier ta-inoar te kommen hielendal neat. Alle moderne gedachten oer emansipaasje gean net oer assimilearje, oer elkenien 'normaal' meitsje, mar oer ynklusy, oer elkenien wêze te litten sa't hy, harren, is of binne. Sadat net ien him bûtensletten fielt, en him net oars hoecht te gedragen om't elkenien 'normaal' wêze moatte soe. En elk fleske shampoo is dêrby in stipe.
Ik fûn it moai dat de gewoane minske safolle oan bar kaam yn dizze kampanje. Sa seagen we dat de gewoane man in protte kleuren, foarmen en ideeën hat. Mei der allegearre wêze, ek yn Wolvegea. Ik beseach nochris de foto by it stikje yn de krante fan de man dy't him sa drok makke oer dy shampoo. En doe foel my op: hy is keal."