Bestjoerskundige: 'Opfallend hege opkomst, benammen ûnder jongerein'

D66 is de grutte winner fan de Twadde Keamerferkiezings. De partij krijt neffens de foarriedige útslach fiif sitten derby yn de Twadde Keamer, en einiget dêrmei achter de VVD, dy't de grutste partij fan Nederlân wurden is. Opfallend dit jier is de hege opkomst, seit bestjoerskundige Rieks Osinga fan de Thorbecke Academie. "Vooral ook onder jongeren, zo'n 80 procent."
© ANP
Fan tefoaren wie menb benaud foar in lege opkomst, ek fanwegen it coronafirus. "Maar niets is minder waar", ferfolget Osinga. "Bijna 83 procent, dat is fantastisch." De bestjoerskundige tinkt dat dat komt trochdat der, nettsjinsteande it coronafirus, in soad omtinken west hat foar de ferkiezings. "En dat we langer mochten stemmen dan normaal. Blijkbaar heeft dat toch z'n effect gehad."

Twastriid

Dat de VVD lanlik de grutste partij is en dat ek bliuwt, is gjin ferrassing. De echte winst giet lykwols nei D66, dy't der mooglik fiif sitten by krijt yn de Twadde Keamer. "Het is Sigrid Kaag en Mark Rutte toch gelukt om een soort tweestrijd te creëren. Ik denk dat Kaag dat ook heel knap gedaan heeft. Het is haar als een van de weinigen gelukt om een paar duidelijke thema's neer te zetten, waaronder nieuw leiderschap. Dat beeld van Kaag tegenover Rutte heeft wel effect gehad", leit Osinga út. De stimmen foar D66 giene neffens him te'n koste fan dy foar GroenLinks, SP en it CDA. "Ik denk dat kiezers uit die hoek dachten dat D66 groter zou worden en er daarom strategisch op stemden."

Betizing by de kiezer

Dat it CDA krimpt, komt neffens Osinga net as in ferrassing. "Hun campagne liep al niet zo goed, om dezelfde reden als de PvdA: het opbouwen van een profiel met een lijsttrekker." Hugo de Jonge hold ôfrûne jier op as listlûker, wêrnei't Wopke Hoekstra syn plak ynnaam. "Voor Hoekstra was het ook de eerste keer dat er campagne werd gevoerd. Hij was de nummer twee, ook met duidelijke standpunten, en ik denk dat dat voor verwarring heeft geleid bij de kiezer."
De linkse partijen hawwe it dus net goed dien dizze ferkiezings. "Het wordt belangrijk dat zij goed nadenken over op welke thema's zij zichzelf willen profileren", leit Osinga út. Ferskate rjochtse partijen namen yn de ôfrûne jierren stânpunten oer fan links. "Neem het minimumloon bijvoorbeeld. Dat nam de VVD over, wat weer de wind uit zeilen haalde van bijvoorbeeld de campagne van de PvdA en SP."

Likernôch itselde kabinet

It hjoeddeistige kabinet bestiet út VVD, CDA, D66 en ChristenUnie. Osinga tinkt dat it nije kabinet trochgiet yn dyselde gearstalling. "Met een beetje verschil in zetelaantal onderling. Rutte heeft ook gezegd dat zijn voorkeur daar ligt. Als je de optelsom maakt van de voorlopige uitslag zou dat ook kunnen." Osinga kin him lykwols yntinke dat D66, no't se sa grut binne, yn it kabinet in linkse partner hawwe wolle. "Maar de linkse partijen hebben flink verloren."
De VVD soe wer gearwurkje wolle mei wat nije lytsere partijen. PVV bliuwt de tredde partij yn Nederlân, mar Osinga tinkt dat de VVD en it CDA in gearwurking mei de partij opnij net sitten sjogge. "Tenzij de PVV excuses aanbiedt en afstand neemt van een aantal standpunten, maar dat zie ik niet gebeuren. En Wilders heeft gister nog aangegeven dat de PVV de komende vier jaar oppositie blijft voeren. Dus dat is einde van die discussie."
Bestjoerskundige Rieks Osinga oer de ferkiezings