ANALYZE: In nij polityk lânskip yn Fryslân, CDA net langer de grutste partij

18 mrt 2021 - 06:37

Yn in soad Fryske gemeenten is de VVD de grutste partij wurden by de Twadde Keamerferkiezingen. Fan de 18 gemeenten yn ús provinsje krijt de partij fan Mark Rutte yn 12 de measte stimmen. It CDA is yn de noardeastlike hoeke de grutste partij en D66 wint yn Ljouwert en op Skiermûntseach.

Fjouwer jier lyn wie it CDA noch dúdlik de grutste partij yn Fryslân, mar de kristendemokraten binne hast oeral passearre troch de VVD. Allinnich yn Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel bliuwt it CDA de grutste politike formaasje.

VVD is it CDA foarby

Noch net al te lang lyn hiene we yn Fryslân te krijen mei trije grutte folkspartijen: it CDA, de PvdA en de VVD. En fan dy trije wie de VVD meastal de lytste. Dy situaasje is no folslein feroare. Ek yn grutte plattelânsgemeenten as Súdwest-Fryslan en Waadhoeke is de VVD it CDA foarby.

De VVD krijt yn Fryslân 17,1% fan de stimmen, in hiel lyts bytsje mear as fjouwer jier lyn. Foarsitter Zwany van Brussel fan de Fryske VVD is út de skroeven oer de útslach fan fannacht: "It is hiel moai dat de kiezer it fertrouwen útsprutsen hat yn de VVD en yn Mark Rutte. Dat we trochkinne, dat is prachtich." De VVD leveret op syn minst ien Frysk Keamerlid, Aukje de Vries fan Ljouwert.

Ien dei nei de ferkiezingen folget Omrop Fryslân it ferkiezingsnijs noch altyd op de foet. De lêste útslaggen, it belangrykste nijs en de Fryske reaksjes steane yn ús liveblog.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Polityk ferslachjouwer Onno Falkena

De grutte winner fan dizze ferkiezingen is D66 fan listlûker Sigrid Kaag. Ek yn Fryslân stiet dy partij no promininter op de politike kaart: de partij krijt hjir 12% fan de stimmen, de foarige Twadde Keamerferkiezingen wie dat noch 9,7%.

D66 waard de grutste partij yn de gemeente Ljouwert en yn de gemeente Skiermûntseach. Rûnom yn Fryslan wiene der folle mear stimmen foar de demokraten as fjouwer jier lyn. Dat jildt ek foar De Gordyk, it wenplak fan it nije D66-Keamerlid Romke de Jong. Hy stie op plak 24 fan de kandidatelist en de kâns is grut dat er yn de Twadde Keamer komt. "Dat fielt as in hiel moaie stap. Sa kin ik it plattelân yn Den Haag fertsjintwurdigje", seit er yn in earste reaksje.

CDA ferliest, PvdA falt ek ôf

De VVD en D66 binne winners. It CDA is ien fan de ferliezers: dy giet yn Fryslân fan 18,9% nei 14,6%. De partij hat it hiel dreech op it stuit. Foarsitter Theo Joosten fynt dat it yn syn partij fierstente ûnrêstich wie yn de moannen foar de ferkiezings. Hy fynt dat dêroer praat wurde moat. "Dit is niet het rustige beeld dat we van het CDA gewend zijn." Harry van der Molen fan Ljouwert komt wol wer foar de partij yn de Twadde Keamer.

Ek de PvdA hat it net maklik. Fjouwer jier lyn wie der in histoarysk lege útslach foar de sosjaaldemokraten. It doel wie om dy útslach te ferbetterjen, mar dat slagge net. "In weromkommen fan de PvdA wie needsaaklik", seit gewestlik foarsitter Roelof Veldhuis. "Ik fyn dat wy by de earste trije partijen sitte moatte." Yn Fryslân krijt de PvdA 8,9% fan de stimmen, dat is in heale prosintpunt mear as fjouwer jier lyn. De partij bliuwt neffens de earste prognoazes op njoggen sitten stean. Dat soe foar Habtamu de Hoop fan Easterein krekt genôch wêze foar in sit.

Oare lanlike ferliezers, dy't yn Fryslân noait in echte stevige poat oan de grûn hân ha, binne GroenLinks en de SP. Dy earste partij wie fjouwer jier lyn ien fan de grutte winners, mar giet yn sitten hast troch de helte. En de SP giet ek flink werom.

En dan binne der fansels ek noch partijen dy't net winne of ferlieze. De ChristenUnie bygelyks, de lytste partij yn it demisjonêre kabinet-Rutte. Dat is in hiele stabile partij. Se hiene eins hope op in bytsje winst, mar as je meiregearje en net ferlieze, dan is dat ek al moai, seit partijfoarsitter Piet Adema út Drachten. Hy wit noch net oft de ChristenUnie ek wer meidwaan moat oan in nij kabinet: "We sitte yn de polityk om ús idealen tichterby te bringen, mar je moatte ek reëel wêze. Soms dogge je it yn it regear, en soms yn de opposysje. Dat hinderet neat, dêr sjogge we net tsjinop."

Nije partijen: JA21, Volt en BBB

Der komme ek nije partijen yn de Twadde Keamer. JA21 krijt neffens de prognoazes fjouwer sitten. Dat soe betsjutte dat de Ljouwerter Maarten Goudzwaard yn de Twadde Keamer komt. Volt liket trije sitten te krijen en de BoerBurgerBeweging ien. Op plak twa fan dy nije boerepartij stiet Femke Wiersma fan Holwert. "Dat BBB no op eigen krêft yn de Keamer komt, dat is echt wol in hiele prestaasje te neamen", sei se nei't de earste exitpolls bekend waarden. In nije partij dy't noch hopet op in sit mar op it stuit krekt bûten de boat liket te fallen is BIJ1.

En no?

Tongersdeitemiddei komme de listlûkers fan de partijen al byelkoar, ûnder lieding fan Keamerfoarsitter Arib. De ferwachting is dat der dan gau in ferkenner oanwiisd wurdt, sadat de formaasje fan in nij kabinet begjinne kin. By de earste exitpolls like it derop dat VVD, D66 en CDA mei-elkoar in mearderheid ha soenen. Yn lettere prognoazes feroare dat byld. Dêrom bliuwt it ôfwachtsjen oant de útslach definityf is.

De ANP-prognoaze nei it tellen fan 63% fan de stimmen

Partij Sitten
VVD 36 (+3)
D66 24 (+5)
PVV 17 (-3)
CDA 15 (-4)
SP 9 (-5)
PvdA 9 (0)
Forum voor Democratie 8 (+6)
GroenLinks 7 (-7)
Partij voor de Dieren 6 (0)
ChristenUnie 5 (0)
JA21 4 (4)
SGP 3 (0)
VOLT 3 (3)
Denk 2 (-1)
50Plus 1 (-3)
BBB 1 (+1)
Trefwurden: 
Ferkiezingen Onno Falkena
(Advertinsje)
(Advertinsje)