OERSJOCH: Dit wie de dei yn Fryslân nei de Twadde Keamerferkiezingen

18 mrt 2021 - 22:46

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer de Twadde Keamerferkiezingen yn Fryslân.

  • De VVD is mei oermacht de grutste partij wurden, neffens de lêste prognoaze fan it ANP;
  • Annemarie Jorritsma (VVD) en Kajsa Ollongren (D66) binne oansteld as ferkenners foar in nije koälysje;
  • Maarten Goudzwaard fan JA21 komt nei alle gedachten net mear yn de Twadde Keamer;
  • Op dizze ynteraktive kaart is te sjen hoe't der yn dyn gemeente stimd is.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:43
De ein fan dizze liveblog

Dit is de ein fan de liveblog foar tongersdei 18 maart, de dei nei de Twadde Keamerferkiezingen. Wolle jo ús ferhalen nochris neilêze? Sjoch dan op dizze side mei alle ferkiezingsferhalen.

21:11
Goudzwaard leit him del by misgripen Keamersit

"It is spitich, wy hawwe it smoar yn. Mar dit is ek polityk," seit Maarten Goudzwaard van JA21. De nije prognoaze fan it ANP is bikkelhurd. JA21 krijt ien sit minder as dat earder foarspeld waard: 3 yn stee fan 4. En Goudzwaard út Ljouwert stiet as nûmer 4 op de kandidatelist.

Foto: Omrop Fryslân
18:41
Goudzwaard en De Jong ferlieze sit yn nije prognoaze

Maarten Goudzwaard giet neffens de nijste prognoaze fan it ANP dochs net de Twadde Keamer yn. De Ljouwerter stiet op it fjirde plak by JA21 en dy partij krijt neffens de nije foarsizzing op trije sitten yn stee fan fjouwer.

D66 ferliest ek in sit yn de prognoaze en komt no 23 sitten. Dat soe min útpakke kinne foar Romke de Jong, dy't op it 24e plak fan syn partij stiet. It liket foar de hân te lizzen dat D66 meiregeare sil, wêrtroch't mooglik kandidaten dy't boppe de Gordykster op de list stean yn it kabinet plak nimme sille.

18:04
The day after: in ferhaal fan winners en ferliezers

Winners en ferliezers by de ferkiezingen

18:02
FNP wiis mei Fryske nijkommers
17:42
Habtamu de Hoop (PvdA): "Ik hie tocht dat it mear wêze soe"

De Fryske PvdA'er Habtamu de Hoop stiet op plak 9 op de kandidatelist en de partij hat ek 9 sitten helle. Dêrom is it noch efkes spannend foar him, foarkarsstimmen soene him nei ûnderen helje kinne. "Ik sit op de wip, mar ik gean der yn earste ynstânsje wol fanút dat ik yn de Keamer kom." De Hoop is teloarsteld yn de útslach. "Ik hie mei de kampanje it idee dat ús ferhaal wol oansloech, dus ik hie tocht dat it mear wêze soe. Ik bin wol bliid dat wy yn Fryslân wol wûn hawwe yn in soad gemeenten, mar wy hiene der wol mear fan hope." Dat de partijen op links it net goed dogge, fynt er spitich. "De coronakrisis lit ek sjen wat der bryk groeid is yn de ôfrûne jierren. Dat der wer foar deselde koers keazen is, dat fyn ik dan skande."

Habtamu de Hoop (PvdA)

PvdA-politikus Habtamu de Hoop - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
17:36
Moandei earste petearen

Demisjonêr minister Kajsa Ollongren ferwachtet dat der moandei úteinset wurde kin mei ferkennende petearen oer de formaasje.

Trefwurden: 
Ferkiezingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)