Liveblog | 18 maart 2021

OERSJOCH: Dit wie de dei yn Fryslân nei de Twadde Keamerferkiezingen

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer de Twadde Keamerferkiezingen yn Fryslân.
Lêst bywurke: 18 maart 2021, 22:46
22:43

De ein fan dizze liveblog

Dit is de ein fan de liveblog foar tongersdei 18 maart, de dei nei de Twadde Keamerferkiezingen. Wolle jo ús ferhalen nochris neilêze? Sjoch dan op dizze side mei alle ferkiezingsferhalen.
21:28

It stim- en telproses is klear yn Tytsjerksteradiel: it proses-ferbaal is tekene

21:24

ChristenUnie-kandidaten út Fryslân wiis mei behâld sitten

21:11

Goudzwaard leit him del by misgripen Keamersit

"It is spitich, wy hawwe it smoar yn. Mar dit is ek polityk," seit Maarten Goudzwaard van JA21. De nije prognoaze fan it ANP is bikkelhurd. JA21 krijt ien sit minder as dat earder foarspeld waard: 3 yn stee fan 4. En Goudzwaard út Ljouwert stiet as nûmer 4 op de kandidatelist.
© Omrop Fryslân
18:41

Goudzwaard en De Jong ferlieze sit yn nije prognoaze

Maarten Goudzwaard giet neffens de nijste prognoaze fan it ANP dochs net de Twadde Keamer yn. De Ljouwerter stiet op it fjirde plak by JA21 en dy partij krijt neffens de nije foarsizzing op trije sitten yn stee fan fjouwer.
D66 ferliest ek in sit yn de prognoaze en komt no 23 sitten. Dat soe min útpakke kinne foar Romke de Jong, dy't op it 24e plak fan syn partij stiet. It liket foar de hân te lizzen dat D66 meiregeare sil, wêrtroch't mooglik kandidaten dy't boppe de Gordykster op de list stean yn it kabinet plak nimme sille.
18:04

The day after: in ferhaal fan winners en ferliezers

Winners en ferliezers by de ferkiezingen