Regiofoarsitter CDA baalt: "Het is duidelijk dat hier in de partij over gepraat moet worden"

18 mrt 2021 - 03:04

De foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan it CDA fynt dat der praat wurde moat oer de takomst fan de partij, no't de earste útslaggen oanjouwe dat de partij stevich ferliest. "Daar moeten we zeker over met elkaar in gesprek, dat is duidelijk", seit Theo Joosten.

Foto: ANP

Theo Joosten

Neidat minister Hugo de Jonge him weromluts as listlûker, waard Wopke Hoekstra oansteld, flak foar de ferkiezingen. "De rol als lijsttrekker, de verkiezingen en de campagne, daar had hij geen ervaring mee," seit Joosten. "Of hem dat heeft opgebroken, weet ik niet. Maar dit is niet het rustige beeld dat we van het CDA gewend zijn."

Omrop Fryslân folget de ferkiezingen de hiele nacht. Fryske útslaggen, reaksjes, en it lêste ferkiezingsnijs is te finen yn ús liveblog.

Trefwurden: 
CDA Ferkiezingen Theo Joosten
(Advertinsje)
(Advertinsje)