Partijfoarsitter Adema: Kâns dat ChristenUnie opnij yn regearing stapt, is no stik lytser wurden

18 mrt 2021 - 02:55

De kâns dat de ChristenUnie opnij yn in regearing stapt, is mei de útslach dy't der no leit in stik lytser wurden. Dat seit partijfoarsitter Piet Adema.

Foto: ANP

Piet Adema

De ChristenUnie stiet yn de lêste exitpoll op fjouwer sitten. Yn de Twadde Keamer ha se no noch fiif. "We sitte yn de polityk om ús idealen tichterby te bringen, mar je moatte ek reëel wêze. Soms dogge je it yn it regear, en soms yn de opposysje. Dat hinderet neat, dêr sjogge we net tsjinop."

Omrop Fryslân folget de ferkiezingen de hiele nacht. Fryske útslaggen, reaksjes, en it lêste ferkiezingsnijs is te finen yn ús liveblog.

(Advertinsje)
(Advertinsje)