Fryske VVD-foarsitter tefreden: "Kiezer hat fertrouwen útsprutsen"

17 mrt 2021 - 23:54

"It is hiel moai dat de kiezer it fertrouwen útsprutsen hat yn de VVD en yn Mark Rutte." Dat is de reaksje fan Zwany van Brussel, sy is regiofoarsitter fan de VVD yn Fryslân. "Dat we trochkinne, dat is prachtich."

Zwany van Brussel

Neffens de exitpoll komt de VVD op 36 sitten. "Aukje (de Vries, red.) komt der seker yn", seit Van Brussel. "Harry (Bevers, red.) is noch net seker, hy stiet op plak 43. Hy is noch wat ôfhinklik fan trochskowen fan Keamerleden as steatssekretarissen en ministers."

Der binne gjin grutte gearkomsten, mar Van Brussel hat it wol nei har sin. "Ik sit hjir mar allinnich, mar it is wol in feestlike dei."

PvdA hie hope op mear

Foar de PvdA is it in oar ferhaal. De partij liket op njoggen sitten te bluwen. Gewestlik PvdA-foarsitter Roelof Veldhuis fan It Hearrenfean is teloarsteld yn de foarriedige útslach fan syn Partij van de Arbeid. "Sa't it no liket hawwe wy yn alle gefallen Habtamu de Hoop yn de Keamer, mar wy hiene dochs wol echt hope op mear."

Roelof Veldhuis

"In weromkommen fan de PvdA wie needsaaklik", seit Veldhuis. "Ik fyn dat wy by de earste trije partijen sitte moatte. Wy hiene hope dat Christa Oosterbaan fan Skylge ek kâns makke, mar ja."

Veldhuis tinkt dat it coronafirus de boel yn 'e bulten jage hat. "Yn ús belibbing hawwe wy in aardige kampanje fierd, mar wy hiene wol mei it coronafirus te krijen. Wy binne in folkspartij dy't op strjitte heart, by de minsken."

Trefwurden: 
VVD PvdA Ferkiezingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)