IIskoman Romke de Jong foar D66 nei Den Haag: "It plattelân fertsjintwurdigje"

18 mrt 2021 - 00:21

It is in ferrassing foar in soad minsken: Romke de Jong fan De Gordyk komt, sa't it no liket, foar D66 yn de Twadde Keamer. De iisfabrykdirekteur stie op plak 24 fan de kandidatelist en D66 krijt neffens de prognoaze fan it ANP presys 24 sitten. Dêrmei wurde de demokraten de twadde partij. "It docht my hiel goed", seit De Jong. "It liket op in hiel grutte, sterke en progressive fraksje."

Romke de Jong

De Jong kin him tongersdei direkt melde yn Den Haag. "Ik start om 10.30 as nij fraksjelid. Ik sil betiid op bêd, want om in oere as 7.30 oere moat ik yn de auto sitte."

"Ik fyn it hiel wichtich om maatskiplik aktyf te wêzen", seit De Jong. "Nei acht jier yn de ried en yn de Steaten no nei Den Haag. Dat fielt as in hiel moaie stap. Sa kin ik it plattelân yn Den Haag fertsjintwurdigje."

Trije spearpunten

De Jong hat trije saken dêr't er him yn Den Haag op rjochtsje wol. "It is tige wichtich dat it bedriuwslibben duorsum en klimaatneutraal ûndernimme kin. It is net allinnich besparjen, it smyt ek jild op. Fierder moat de Lelyline der komme. We ha in hiel soad fraksjefoarsitters sizzen heard dat dy der komme moat, dy is hiel wichtich foar ús. En ik wol ek hiel graach wurkje oan de duorsume lânbou. Yn Fryslân ha we it prachtige projekt Valuta voor Veen. In ynnovatyf projekt yn Fryslân mei potinsje foar it hiele lân."

Yn de prognoaze fan it ANP komt D66 dus op 24 sitten. Dat soe krekt genôch wêze foar De Jong. Mocht de útslach úteinlik krekt noch wat minder útpakke foar D66, dan noch is de kâns grut dat De Jong wol yn de Twadde Keamer komt. It sit der dik yn dat D66 plaknimt yn it nije kabinet en guon minsken dy't boppe De Jong op de kandidatelist steane, wurde dan minister of steatssekretaris.

'Histoaryske jûn'

Ek D66-regiofoarsitter Raquel García Hermida-van der Walle is út de skroeven. "Het is een historische avond voor ons", seit se.

Raquel García Hermida-van der Walle

Hermida-van der Walle hâldt noch in lytse slach om 'e earm, mar neffens har liket it tige geunstich út te pakken. "We zijn echt heel blij met de voorlopige uitslag, natuurlijk moeten alle stemmen worden geteld. Daar werken vele vrijwilligers heel hard aan. Maar het is een fantastische avond nu al. De foutenmarge kan groot zijn, maar het wordt sowieso een mooi resultaat voor D66. Zoals onze campagneleider heeft gezegd: de marge moet wel echt heel groot zijn als we niet als tweede partij eindigen."

Stimmen foar Romke op De Gordyk

D66 hat út Fryslân wei trije kandidaten op de list. "Romke de Jong heeft in Gorredijk heel veel stemmen getrokken," fertelt de regiofoarsitter, dy't sels ek op De Gordyk wennet. "Het lijkt erop dat hij de Kamer in mag, als het zo blijft. Voorkeursstemmen kunnen natuurlijk nog het een en ander veranderen."

Sels noch net stimme

Opmerklik is dat Hermida-van der Walle sels noch net stimme mocht om't sy út Spanje komt. "Ik ben nog geen staatsburger. Dat komt nog, hopelijk volgend jaar. Deze avond gaat niet over mij, maar over al die Nederlanders die wel hebben gestemd. Het is een mooie avond voor de democratie. Er was angst dat de opkomst door corona veel lager zou zijn, maar dat is niet zo."

(Advertinsje)
(Advertinsje)