Dizze Friezen komme (miskien) yn de Keamer

De ôfrûne fjouwer jier sieten der twa Friezen yn de Twadde Keamer. Alteast, Keamerleden dy't yn Fryslân wenje: Aukje de Vries (VVD) en Harry van der Molen (CDA). De kommende jierren sitte der mear yn. In oersjoch.
© ANP

Aukje de Vries (VVD)

Aukje de Vries fan Ljouwert sit al acht jier yn de Twadde Keamer en sy mei noch fjouwer jier troch. Dat wie ek de ferwachting wol, want se stie op plak acht fan de kandidatelist. De VVD krijt mear as tritich sitten, dus dat is mear as genôch foar De Vries.

Harry van der Molen (CDA)

Harry van der Molen - hy wennet ek yn Ljouwert - kaam fjouwer jier lyn foar it earst yn de Twadde Keamer. De partij is tefreden oer him en hie him op plak njoggen fan de kandidatelist set. De CDA hellet neffens de prognoaze fan it ANP fyftjin sitten. Mear as genôch foar Van der Molen.

Romke de Jong (D66)

In lytse ferrassing yn de Twadde Keamer is Romke de Jong. Op it stuit is de Gordykster fraksjefoarsitter fan D66 yn Provinsjale Steaten, mar neffens de prognoaze krijt D66 24 sitten. Romke de Jong stiet op plak 24. Dat soe dus krekt genôch wêze.

Habtamu de Hoop (PvdA)

Foar Habtamu de Hoop is it ek in spannende tiid. It riedslid út Easterein stiet op plak 9 fan de kandidatelist fan de Partij van de Arbeid. Yn de exitpoll fan Ipsos en yn de prognoaze fan it ANP stiet de PvdA ek op njoggen sitten. Dat soe foar De Hoop dus krekt genôch wêze, as er net ynhelle wurdt troch ien dy't in hiel soad foarkarsstimmen krijt teminsten.

Maarten Goudzwaard (JA21)

Maarten Goudzwaard út Ljouwert is op it stuit syn eigen fraksje yn Provinsjale Steaten, nei't er him ôfsplitste fan Forum voor Democratie fanwege de opskuor yn dy partij. Hy sleat him oan by de nije partij JA21, fan Joost Eerdmans. Dy partij krijt neffens de Ipsos-exitpoll en de ANP-prognoaze fjouwer sitten. Dat soe foar Goudzwaard krekt genôch wêze, hy stiet op plak fjouwer fan de kandidatelist.

Miskien: Harry Bevers (VVD)

Harry Bevers fan Ljouwert komt nei alle gedachten net streekrjocht yn de Twadde Keamer. Hy stiet op plak 43 fan de kandidatelist fan de grutste partij. De VVD krijt neffens de exitpoll en de prognoaze 36 sitten. Net genôch foar Bevers, mar as de VVD in soad ministers en steatssekretarissen leveret yn it nije kabinet, dan soe it foar Bevers noch betsjutte kinne dat er dochs yn de Keamer komt.

Krekt net: Femke Wiersma (BBB)

Femke Wiersma fan Holwert stiet op plak twa op de kandidatelist fan de BoerBurgerBeweging. Neffens de exitpoll en de prognoaze komt dy nije partij mei ien sit yn de Twadde Keamer. Krekt net genôch dus foar Wiersma.