Dit wie de Fryske ferkiezingnacht fan minút op minút

18 mrt 2021 - 05:51

Yn dit liveblog stie it lêste nijs en de útslaggen fan de Twadde Keamerferkiezingen.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

5:59
Nij liveblog

Oant safier dit liveblog fan de ferkiezingsnacht. Mar we geane troch yn in nij liveblog, dat fynst hjir.

5:51
De balâns opmeitsje

Yn Fryslân fan 'e moarn op de radio meitsje we fan 6.00 oere ôf de balâns op. Polityk ferslachjouwer Onno Falkena hat de hiele nacht de ûntwikkelingen byholden. Hy skoot dalik oan by presintator Hans Koster. Se beprate de winst fan de VVD, it hurde ferlies fan it CDA en de linkse partijen en fansels de grutte winner: D66.

Yn it programma ek de reaksjes fan de partijbûnzen fan VVD, PvdA, CDA en de ChristenUnie. Dy lêste partij siet de ôfrûne fjouwer jier yn de regearing, mar komt no mooglik yn de opposysje telâne. En fansels de reaksjes fan Fryske politisy sels: Romke de Jong (D66), Maarten Goudzwaard (JA21), Aukje de Vries (VVD) en Femke Wiersma (BBB).

5:08
Wachtsje op Drachten

Smellingerlân is de iennige Fryske gemeente dêr't noch gjin útslach fan bekend is. It is net dúdlik hoe't dat kin. In wurdfierder fan de gemeente naam om fiif oere de telefoan net op.

By de Steateferkiezingen fan 2019 wie Smellingerlân ek de lêste gemeente fan Fryslân dêr't de útslach fan bekend waard.

4:31
D66 it grutst yn Ljouwert

Krekt as op Skiermûntseach is yn Ljouwert D66 de grutste partij wurden. De partij hat krekt wat mear stimmen krigen as de VVD: 16% om 15,9%. De tredde partij is de PvdA.

De opkomst yn Ljouwert wie 79,7 prosint, dat is krekt wat minder as fjouwer jier lyn. Doe wie it 81,4 prosint.

3:26
Nije prognoaze ANP

It parseburo komt mei in foarriedige prognoaze fan de sitferdieling op basis fan it tellen fan 63% fan de stimmen. Dêryn stiet de VVD wer op ien en D66 op twa, mar der binne wol wat opfallende ferskillen mei de exitpolls fan Ipsos.

Romke de Jong (plak 24, D66) en Habtamu de Hoop (plak 9, PvdA) steane op de wip. Neffens de prognoaze soene se yn de Twadde Keamer komme, mar troch bygelyks foarkarstimmen of in flater yn de prognoaze is dat noch lang net wis.

Prognoaze ANP

Partij Sitten
VVD 36 (+3)
D66 24 (+5)
PVV 17 (-3)
CDA 15 (-4)
SP 9 (-5)
PvdA 9 (0)
Forum voor Democratie 8 (+6)
GroenLinks 7 (-7)
Partij voor de Dieren 6 (0)
ChristenUnie 5 (0)
JA21 4 (4)
SGP 3 (0)
VOLT 3 (3)
Denk 2 (-1)
50Plus 1 (-3)
BBB 1 (+1)
2:52
Eaststellingwerf kleuret ek blau

De VVD is de grutste partij wurden yn Eaststellingwerf. It CDA is dêr twadde wurden, en de PVV tredde. De opkomst wie mei 78,7% minder heech as yn 2017. Doe stimde 80,7% fan de kiezers.

2:44
CDA wint yn Tytsjerksteradiel, foar VVD

It CDA is de grutste partij wurden yn Tytsjerksteradiel. Dy partij wie ek al de grutste yn buorgemeenten Noardeast-Fryslân en Dantumadiel. Op nûmer twa stiet de VVD. D66 is de tredde partij, en de PVV stiet op fjouwer.

De opkomst wie mei 82,8 prosint krekt wat leger as fjouwer jier lyn. Doe wie de opkomst 84,8 prosint.

Der binne noch trije gemeenten dêr't de útslach noch net bekend is: dat binne Ljouwert, Smellingerlân en Eaststellingwerf. De útslaggen fan Achtkarspelen en De Fryske Marren binne wol bekend, mar noch net ferwurke yn de kaart fan it ANP.

2:32
VVD de grutste yn Hearrenean, foar D66, CDA en PvdA
2:25
Waadhoeke: VVD krekt wat grutter as CDA

It skeelt net in soad, mar de VVD is de grutste partij yn de gemeente Waadhoeke. De partij krijt 17,7% fan de stimmen, it CDA 17,1%. Dêrnei komt D66 mei 10,7%.

De opkomst yn Waadhoeke wie dit jier 80,1%. Fjouwer jier lyn wie dat 82,8%.

2:23
Achtkarspelen: CDA 123 stimmen grutter as PVV

Yn de gemeente Achtkarspelen is it CDA de grutste partij wurden. De PVV is dêr de twadde partij. It skeelde 123 stimmen. Dat meldt de gemeente. De tredde partij is de VVD.

(Advertinsje)
(Advertinsje)