Reedrydster Michelle de Jong langer ûnder kontrakt by Reggeborgh

17 mrt 2021 - 18:56

Reedrydster Michelle de Jong út Rottum ferlinget har kontrakt mei Team Reggeborgh mei twa jier. De sprintster sil oant 2023 oan it team ferbûn wêze. De Jong is bliid mei it ferlingjen fan it kontrakt, want ek de Olympyske Spelen komme deroan.

Foto: www.orange-pictures.nl

De Jong pleatste har foar de World Cups en einige as fjirde yn it klassemint. "Hopelijk kan ik deze stijgende lijn doorzetten en mezelf komend seizoen weer verbeteren," sa lit De Jong witte.

Team Reggeborgh bestiet foar takom seizoen út grutte nammen lykas Ronald Mulder, Kjeld Nuis en Femke Kok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)