Amateurstjoerder Terpstra mei mêst yn Oerterper tún pleatse

Amateurstjoerder Chris Terpstra fan Oerterp hat der nachten fan wekker lein: syn antennemêst mocht net yn syn tún stean. Hy krige der gjin fergunning foar en frege him ôf wat er ferkeard die. Dêrom stapte er nei de rjochter. No mei er dochs in antennemêst fan mar leafst 21,5 meter yn syn achtertún delsette.
Amateurstjoerder Chris Terpstra fan Oerterp © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"Ik bin der hiel bliid mei dat de gemeente no de fergunning ôfjaan moat. It hat goed twa jier duorre mei as djiptepunt de rjochtsaak. Der moat noch wol in sterkteberekkening komme, want dy't ik hie, wie tsien jier âld en foldocht net mear oan de hjoeddeiske easken."
"Mei de hege mêst kin ik ferbiningen mei de oare kant fan de wrâld lizze. Mar de mêst is kantelber en útskober en dan komt it topke op de 21,5 meter, mar as ik him net brûk is er ynskood en lang net sa heech."