Famyljeleden fan delstutsen Drachtster feroardiele foar mishanneljen plysjeman

Trije famyljeleden fan Roan Brilstra, de 15-jierrige jonge dy't oardel jier lyn yn Drachten delstutsen waard en letter stoar oan syn ferwûnings, binne feroardiele fanwege mishanneling fan in plysjeman dy't besocht it plak delikt te beskermjen.
Tusken de 500 en 1000 minsken rinne mei © ProNews
De twa neven (25) binne feroardiele ta selstraffen fan acht moanne en seis moanne en twa moanne ûnder betingst. De omke krige in wurkstraf fan 180 oeren en in selstraf ûnder betingst fan seis wike.
Roan Brilstra waard op 22 desimber 2019 delstutsen op de Zuidkade yn Drachten. De sitewaasje drige út de hân te rinnen doe't de famyljeleden nei de âlden fan de jonge ta woene. Se waarden tsjinhâlden troch in plysje. De sitewaasje ûntspoarde en de agint krige rake klappen. Hy hie in brutsen noas.
De fertochten moatte ek 1.700 euro oan de plysjeman betelje en ek 540 euro foar de makke kosten.
De neef mei de heechste straf rûn noch yn in proeftiid. Hy moat in part fan in straf ûnder betingst no dochs útsitte.