Anna van den Berg (18) telt de stimmen yn Twizelerheide

17 mrt 2021 - 17:07

Se is 18 jier en telt op dizze ferkiezingsdei de stimmen yn it stimburo fan Twizelerheide: Anna van den Berg (18) regelet as folweardich stimburolid in soad saken. Der binne ferskate taken by de stimpost yn doarpshûs De Jister. Sa sjocht se ta op it dragen fan in mûlkapke, is se ferantwurdlik foar it desynfektearjen en hjit se fansels de minsken wolkom.

Anna van der Berg telt de stimmen yn Twizelerheide

De studinte Biotechnology fynt it moai om yn har eigen doarp lid fan it stimburo te wêzen. De opkomst yn Twizelerheide is heech. Neffens de foarsitter fan it stimlokaal ha der net faker sá betiid, sáfolle minsken te stimmen west. Op in pear ynsidintsjes nei is it noflik wurkjen foar Anna. "Der binne guon by dy't sa nei binnen stappe sûnder mûlkapke, mar dat wienen der oant no ta mar twa", seit Anna.

Anna van den Berg by de stimpotleaden - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Se hat wol earder as frijwilliger ek op in stimburo meiwurke en 'mocht' doe helpe mei it tellen fan de stimmen. Mar no is se 18 jier en dus klear foar it echte wurk. Dêrfoar moast se earst wol in offisjeel eksamen ôflizze. "Mar dat wie net sa dreech," leit Anna út. Sels sil se fansels ek har stim útbringe, foar it earst. "Dat doch ik middeis, mei ús mem."

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Yn de rin fan de dei binne hiel wat potleaden troch de blauwe moffen fan Anna gien. "Dy wurde troch my desynfektearre en dêrnei lis ik se wer del by de tafel dêr't ek de foarsitter sit."

De opkomst yn it stimburo is neffens foarsitter Aukje Epema dit jier heech. "It sil dus noch wol let wurde fannacht," seit Anna.

(Advertinsje)
(Advertinsje)