Parrebeammen binne begjin fan Voedselbos by Olterterp

17 mrt 2021 - 17:00

Mei it plantsjen fan seis parrebeammen is in begjin makke mei de oanlis fan in Voedselbos by Olterterp/Beetstersweach. Twa jier is deroan wurke.

Foto: Omrop Fryslân

De parrebeammen fan de soarte 'Beurre Alexandre Lucas' binne freed plante. "We koenen se fergees krije", fertelt Japke Weij, ien fan de inisjatyfnimmers. "Mar ik ha heard dat it wol sân jier duorret foardat der parren oan komme. Der moatte noch bestowers by oars, komme der hielendal gjin fruchten oan."

"It doel fan it Voedselbos is om it ferskaat te fergrutsjen mei safolle mooglik soarten", seit foarsitter Ruud Filius. "We moatte noch sjen wat der by plante wurde moat." Se tinke oan beien, kastanjes, walnuten en poddestuollen. It perseel is op it lân fan baron Van Harinxma thoe Slooten.

"It idee is dat de minsken út de buert plukke kinne. En we wolle ek dat it edukatyf is en we wolle kontakt lizze mei Lauswolt, miskien kinne se yn it restaurant ek de produkten brûke."

Ferslachjouwer Ronnie Porte wie by it Voedselbos

"Ik heb een opleiding permacultuur ontwerpen gedaan en daar ontdekte ik de voedselbossen. Aangezien we hier zelf in de bossen wonen, dacht ik dat er wel iets meer voedsel in de bossen mogen", fertelt inisjatyfnimster Nienke Plantinga. "We willen aanvullen wat er al is, zoals vlieren en bramenstruiken. We willen het assortiment in soorten uitbreiden en veel meer fruitsoorten toevoegen en noten." Se wolle graach stekjes ha. Dat kin op 23 april brocht wurde.

Ek foar de bij wolle se it lân geskikt meitsje. "Alle andere dieren die daar ook baat bij hebben zijn welkom, zoals vogelsoorten. Daarom doen we eerst een nulmeting, zodat je over een jaar en twee jaar kan zien wat het effect is." Studint boskbou Thijs Willems sil helpe om it gebiet te monitoarjen. Hy komt sân kear yn it jier del en sil dan de briedfûgelsoarten en sûchdieren telle. Der binne ek al reeën sjoen en der skynt in dasseboarch te wêzen.

Yn prinsipe is de bosk iepenbier tagonklik. "Met rondleidingen willen we kennis bij de bezoekers wat vergroten. En dat ze respectvol met het bos omgaan en dat ze volgens de Indianenregel gaan plukken. Als je een bessenstruik hebt, dat je een kwart moet laten zitten voor de struik, een kwart voor de dieren, een kwart voor degene die na jou komt en een kwart mag je zelf plukken."

Ferslachjouwer Ronnie Porte wie by it Voedselbos (2)

Trefwurden: 
natuer Olterterp Voedselbos
(Advertinsje)
(Advertinsje)