Buorlju dogge oanjefte tsjin sirkwy Prikkedam yn Makkingea

17 mrt 2021 - 16:12

De buorlju fan it motorcross-sirkwy MSV Prikkedam yn Makkingea ha oanjefte dien fan in ekonomysk delikt. De famylje Van Rossum is al jierren yn striid tsjin oerlêst fan it sirkwy. De gemeente hat de motorsportferiening al tsien twangsommen oplein om't net oan de lûdsnoarmen foldien waard. Neffens de famylje helpt dat net.

Motorcross op Prikkedaam - Foto: Ronnie Porte

De gemeente wurket sûnt 1997 oan de legalisearring fan it sirkwy. Yn 2019 waard in takomstbestindich bestimmingsplan fêststeld dêr't de gemeente no tafersjoch ophâldt. De motorsportferiening fjochtet yntusken de twangsommen oan.

De buorlju leauwe net mear yn in oare oplossing en hawwe no in juridyske proseduere opstart troch oanjefte te dwaan fan in ekonomysk delikt op it mêd fan de Wet milieubeheer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)