Alex Bangura langer by Cambuur, Robin Maulun rekket blessearre

Alex Bangura bliuwt langer by SC Cambuur. De linkerferdigener hat syn ôfrinnende kontrakt by de klup mei twa jier ferlinge plus in opsje foar noch in jier. "Ik ben heel erg blij, ik voel me goed en ik kan nog lekker twee jaar blijven knallen hier in Leeuwarden", fertelt Bangura. Tagelyk rekke Robin Maulun woansdei blessearre op de training. Hy ûntbrekt de kommende wiken.
Alex Bangura oer kontraktferlinging
De 21-jierrige Bangura hopet dat er de kommende seizoenen noch better wurde kin by Cambuur. "Ik ken de club en ik denk dat ik me hier lekker rustig kan door ontwikkelen. De manier van spelen, hoe we dat de afgelopen twee seizoenen doen, dat bevalt me wel."
Hy hat in bysûnder trajekt trochmakke en dat is ek dêr't technysk manager Foeke Booy fan Cambuur bliid mei is. Doe't Bangura twa jier lyn by Cambuur kaam, moast er yn de beloften begjinne mei in amateurkontrakt. Hy hat him stap foar stap trochûntwikkele en hat it no oant basisspiler skopt by it earste. As linkerferdigener, wylst er doe't er by Cambuur kaam linkeroanfaller wie. Booy: "Het is fantastisch om te zien hoe hij zich heeft ontwikkeld, ook omdat hij nog een transitie heeft doorgemaakt van aanvaller tot verdediger."
Earder ferlinge de klup ek al de kontrakten fan middenfjilders Mitchel Paulissen en Robin Maulun.
Yn it Cambuur Sjoernaal fan oankommende sneon sjogge we nei wa't der noch mear in ôfrinnend kontrakt hawwe yn de seleksje fan de Ljouwerters. Der binne yn totaal sechtjin spilers, wêrfan't it noch net wis is oft se takom jier ek útkomme yn it Cambuur-shirt. Technysk manager Foeke Booy leit yn it Cambuur Sjoernaal út hoe't de sitewaasje derfoar stiet.
© Orange Pictures

Maulun

SC Cambuur kin de kommende wiken gjin berop dwaan op de Frânske middenfjilder Robin Maulun. Hy rekke woansdei blessearre op de training. Earst wie der de eangst dat it foar lange tiid wêze soe. Trainer Henk de Jong wie sels benaud foar in breuk yn syn foet, mar ûndersyk yn it sikehûs hat bliken dien dat it tafalt en dat der fan in breuk gjin sprake is. Wis is wol dat Maulun wiken net ynsetber wêze sil foar De Jong.