Steatefraksjes stelle fragen oer bou stâl by Ie

17 mrt 2021 - 15:39

Fiif steatefraksjes hawwe fragen steld oer de bou fan in stâl by Ie njonken in natuergebiet. De fraksjes fan GrienLinks, PvdD, SP, D66 en 50plus begripe der neat fan dat de provinsje tastimming jûn hat foar de nijbou, mar de rjochter hat de fergunning ôfwiisd. De stâl stiet der yntusken al.

Foto: Shutterstock.com (Toa55)

Neffens de partijen is it ûnbegryplik dat de provinsje de boer tastimming jûn hat om te bouwen en komme sawol de natuer as de boer yn in patstelling wat de stikstofútstjit oangiet.

Dit gefal stiet neffens harren ek net op himsels. De fraksjes wolle fan Deputearre Steaten witte hoe't se yn it ferfolch natuerbelang weage sil.

Trefwurden: 
provinsje Ie stâl
(Advertinsje)
(Advertinsje)