238 nije coronabesmettingen yn Fryslân: leafst 68 yn Súdwest-Fryslân

It RIVM meldt woansdei 238 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der 43 mear as tiisdei. Doe wienen der 195 nije besmettingen meld. Yn de ôfrûne wike binne der alle dagen yn trochsneed 216 besmettingen konstatearre.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (68), dêrnei folgje Waadhoeke (34) en Ljouwert en De Fryske Marren (beide 29).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 3 stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen (2) en Smellingerlân (1).
Der is ien sikehûsopname meld as gefolch fan it firus.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlike sifers
Lanlik binne 5974 minsken besmet mei it coronafirus yn de ôfrûne 24 oeren.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.