Fokkens jout kontoeren 'Deltaplan': Steaten prate oer Lelyline en wentebou

Deputearre Steaten sille it 'Deltaplan voor het Noorden' net beprate mei Provinsjale Steaten foar't it opstjoerd wurdt nei it Ryk. Dat antwurde deputearre Avine Fokkens op fragen fan FNP en PVV. Neffens Fokkens binne de gegevens dy't de provinsje oanleveret oer mooglikheden foar wentebou yn plakken as Drachten, It Hearrenfean en Ljouwert 'yndikatyf' en noch net oan beslútfoarming ta.
De fraksjefoarsitters waarden woansdei digitaal bypraat © Omrop Fryslân
Fokkens ûnderstreke dat stânpunt woansdeitemoarn yn in digitale presintaasje fan it konseptdeltaplan oan de fraksjefoarsitters yn Provinsjale Steaten. It Deltaplan is de konsekwinsje fan de moasje fan Twadde Keamerlid Mustafa Amhaouch (CDA). Yn dy moasje wurdt de oanlis fan de flugge spoarferbining fan Lelylstêd nei Grins oer Emmeloard, It Hearrenfean en Drachten keppele oan it ûntwikkeljen fan lokaasjes foar de bou fan sa'n 100.000 wenten.
Foardat der in beslút nommen wurdt oer de Lelyline moatte oerheden yn it noarden earst oanjaan watfoar bydrage sy leverje kinne oan de nasjonale wentebou-opjefte.
It trasee foar de Lelyline rint yn prinsipe lâns de A6 en A7 © Omrop Fryslân
De ôfrûne tiid hawwe al ferskate gemeenten de provinsje witte litten dat se graach in bydrage leverje wolle. Ljouwert sjocht mooglikheden foar de bou fan sa'n 10.000 ekstra wenten oan de súdkant fan de stêd. Ofrûne freed diene de gemeenten yn Súdeast-Fryslân in mienskiplik oanbod foar mei-inoar 30.000 oant 35.000 wenten. It Hearrenfean en Drachten soene dêrfan elts 10.000 wenten foar har rekken neame kinne.

Soarchfâldige wentebou?

It proses ropt by ferskate partijen yn Provinsjale Steaten wol fragen op. "Ik vraag me af wat dit betekent voor het landelijke karakter van Fryslân", sei Charda Kuipers fan GrienLinks. "Ik mis de democratische legitimatie bij dit proces", wie de earste reaksje fan Menno Brouwer fan de Partij voor de Dieren. "Wy hawwe hjir yn Fryslân ôfspraken oer regionale ûntwikkeling en soarchfâldige wentebou. Litte we dy útgongspunten no los?", frege Anne Zijlstra fan de Partij van de Arbeid. Theun Wiersma fan 50PLUS wie ek kritysk. "Hâldt ús wenomjouwing wol deselde kwaliteit as der safolle huzen bykomme?", freget de Drachtster him ôf.
Fokkens seach wol wat op fan de krityske toan fan de fragen. "Ik ga nu toch niet meemaken dat de staten dwars gaan liggen nu ik met alle gemeenten goed in gesprek ben?" De deputearre lei út dat se noch dwaande is om ynformaasje te sammeljen as reaksje op de moasje fan Amhaouch. Dy ynformaasje wurdt nei it Ryk stjoerd mei it foarbehâld dat politike beslútfoarming noch plakfine moat.

Stedsk netwurk

Mobiliteitssaakkundige Manus Barten fan Studio Bereikbaar lei as adviseur fan de provinsje út dat it der by de Lelyline om giet om plakken as It Hearrenfean, Drachten, Ljouwert en Grins in folweardige oansluting te jaan op it stedske netwurk fan Nederlân. Troch dy oansluting wurde folle mear minsken en arbeidsplakken goed te berikken. Dy plakken wurde dêrtroch oantrekliker foar nije bewenners en kinne in proses fan ferstedsking op gong bringe, wêrtroch't yn Fryslân, Grinslân en Drinte in noardelik stedsk netwurk ûntstiet.
Barten neamde Brabantstad as foarbyld. Brabantstad as foarbyld foar Fryslân liket FNP'er Sijbe Knol lykwols op fleanen. "Ik wurd dêr kâld fan. Wy binne foar in bettere spoarferbining, mar dat is in kant dy't wy net op wolle mei Fryslân." Knol waard yn syn krityk ôfremme troch ferskate kollega-steateleden. "It giet hjir hjoed om in ynformative gearkomste. Dit is no net it plak om polityk te bedriuwen."

Gemeenten oan bar

De kommende wiken sille de noardlike provinsjes en ek Flevolân fierder wurkje oan it Deltaplan voor het Noorden. De stêd Grins hat oanjûn 20.000 huzen bouwe te kinnen yn it ramt fan it Deltaplan. Sifers foar de provinsjes Drinte en Flevolân binne noch net bekend. Ek yn Fryslân hawwe noch net alle gemeenten reagearre op it fersyk fan deputearre Fokkens foar mear ynformaasje. No freed sil boargemaster Kramer in reaksje oanbiede út namme fan de gearwurkjende gemeenten yn Noardeast-Frsylân. Súdwest-Fryslân hat de provinsje witte litten dat de gemeente de hannen foarearst fol hat oan it realisearjen fan de 2.000 wenten dy't de gemeente al bouwe soe.