Grutte dumping fan ôffal yn Ljouwert liedt nei fertochte yn Deventer

Yn de Ljouwerter Brederostrjitte wie in soad ôffal dumpt. Der leinen ûnder oare plestik pûden, stikken hout en wat meubilêr. Hanthaveners kamen der nei ûndersyk achter dat de fertochte nei Deventer ferhuze wie.
© Twitter, Handhaving Leeuwarden
Mei de kollega's dêr koe de fertochte achterhelle wurde. Tsjin him is in proses-ferbaal opmakke.
It dumpen fan ôffal yn it iepenbier falt ûnder de Wet Milieubeheer en de Wet op de economische delicten.